SC Heerenveen-MVV-weppers (2)

Kompetysje-yndielingen
12 juli 2015
Weppers woansdei 15-7
15 juli 2015

Fergees nei SC Heerenveen – MVV!
Foar al dy jeugdleden fan SDS dy ‘t SDS-keunstgerslotten ferkocht hawwe en bern út de SDS-Minileague is de tagong fergees! Dit jild ek foar froulju fan Vr.1 en Vr.2 o/m 18 jier.
Sy moatte dan al foar freed harren kaartsje ophelle hawwe, want de lju by de kassa witte net wa ’t wol en net lid fan SDS binne.
De A’s en de B’s kinne harren kaartsje ophelje by:
Tjerk van der Pol, Geins 5, Wommels
De rest kin in kaartsje op namme ophelje by:
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
Douwe-Dirk-Reitsma, Smidslân 11, Easterein
Foar freed dus!


Wedstrydstiper SC Heerenveen – MVV
Foar €25,- kinne je wedstrydstiper wurde fan SC Heerenveen – MVV. Hjirfoar krije je ien frijkaart en je namme komt yn it programmaboekje te stean. Klik
hjir om je op te jaan. Dit kin noch oan ’t jûn 21.00 oere!

Foarferkeap SC Heerenveen – MVV
De foarferkeap foar SC Heerenveen – MVV is yn folle gong. Je kinne kaarten krije by JUMBO Wommels, Camping de Finne yn Reahûs en by Douwe Reitsma, Smidslân 11 yn Easterein. Kaarten yn de foarferkeap koste foar folwoeksenen €8,- en foar bern o/m 14 jier €4,-.
De foarferkeap duorret oan ’t freed 12.00 oere!
Oan de kassa koste se €10,- en €5,-

Line-up SC Heerenveen – MVV
As de spilers fan SC Heerenveen en MVV it fjild op komme op freed 17 july dan soe it moai wêze as de F’kes fan SDS (fan ôfrûne seizoen) mei de spilers it fjild op komme. Der kinne 25 meidwaan. Alle F’kes binne hjir oer maild en de earste 18 hawwe harren al opjûn. Der binne dus noch 7 plakjes te ferjaan!
Ynmiddels is it fol!

SC Heerenveen-klinik fol
De SC Heerenveen-klinik sit mei mar leafst 80 SDS’ers spitich genôch hielendal fol. Dizze klinik op freed 17 july begjint om 14.00 oere. It is it handichst dat alle bern harren al fan te foaren thús omklaaie, want der kin gjin gebrûk makke wurde fan de klaaiboksen.



Letter mear!