Weppers woansdei 14-3

Weppers tiisdei 13-3
12 maart 2012
Weppers tongersdei 15-3
14 maart 2012

25 jier
Dat is de nije leeftyd fan Sytze Hibma. Hij hat hjoed syn jierdei. Hij hopet it moaiste  jierdeiskado yn maaie te krijen: Ajax kampioen. Nettsjinsteande dat, dochs lokwinske.
M'n lieve schoonmaaksters :)
Eltsenien is bliid mei Sytse syn jierdei!

Ek noch fan herte lokwinske
Ôfrûne moandei is Jeffrey van der Werf fan E5 10 jier wurden. Noch fan herte lokwinske!

Standen
De nijste standen fan alle SDS ploegen kinne jim
hjir sjen.

Programma
Wij sjogge op it nije programma fan dizze wike ek in wedstriid foar tongersdeitejûn stean. CVVO Da 1 – SDS Da1 om 19.30 oere.

Opereard
Lid fan de SDS-Bunnik-side, foarhinne ponghâlder en “Mr. Draaiend Rêd” Popko Wijnia is juster yn Amsterdam holpen oan syn “draaiend rêd”. Syn “rêd” sloeg wol gauris op hol en as it goed is is dit no foar altiten ferholpen en duorret it noch jierren foardat hy op in nûmer hingjen bliuwt. Hjoed is hy wer thúskaam en wy winskje him betterskip! 

Kaarte en darte
Tongersdeitejûn om 19.30 oere is der folop gelegenheid foar mannen as Hiemstra, Hofstra, Postma, van Beem (allegear junioren) om de striid oan de binen mei Stegenga, Dijkstra, Bergsma en Bruinsma (allegear senioren). Fansels binne Bouma en Bouma, Tiemersma en Tiemersma, Dijkstra en Dijkstra, oare Bruinsma en  noch in oare Bruinsma en al dy oare talinten ek wolkom.

SDS League
Moarn kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS League wer ferwachtsje.

Harsens derby (710)
Mannen wurde leaver net troch frouju steurd tidens it fuotbalsjen…………………………………wêr ek mar!