Weppers woansdei 12-10

Foar alle D-, E- en F-pupillen!
12 oktober 2011
Weppers tongersdei 13-10
13 oktober 2011

Utslaggen en standen
Jim kinne
hjir sjen welke alvetallen der boppe oan stean bij SDS.

Harkemase Boys 1 – SDS 1
De bekerwedstryd fan SDS 1 tsjin Harkemase Boys 1 is fersetten fan sneon 22 oktober nei tongersdei 20 oktober. De tiid is ús net bekend.

SDS C1
SDS C1 traint tongersdei net om 18.00, mar om 18.30.
Remco

Net Dooitze mar Hendrika
Tongersdei is Dooitze der net om efkes nei de blessures te sjen en der wat oan te dwaan mar Hendrika.

Ajax-gips
Hendrik Engbrenghof hat juster yn it sikenhûs west mei syn pynlike ankel. Hy blykt skuorde ankelbannen te hawwen en sy hawwe lyk syn “anke(l….)” yn ’t gips setten. Lokkich genôch wie it al Ajax-gips.


SDS League
Wy ferwachtsje dit wykein net folle fan de “BlackBerrie-Boys” fan Remco en Anco Bervoets. Sy hawwe no al 2 dagen steuring en it liket der ek net op dat der dizze wike noch ferbettering yn komt.

Harsens derby (586)
Sa, en dat is 1-0. Of dochs net?