Weppers woansdei 10-4

Weppers tiisdei 9-4
8 april 2013
Harsens derby 1000!!
9 april 2013

SDS 1 spilet enerfearjende wedstriid
Der binne soms fan dy wedstriden, wêrfan je nei de tiid sizze: dit wie leuk. Justerjûn wie der sa’n wedstriid yn Easterein. SDS1 hie de koprinner op besite en sleepte der in punt út.
Dêr moast hiel hurd foar wurke wurde troch SDS. De Ljouwerter Sweltsjes wiene yn it spul better en krigen ek de measte kânsen. Nei in heal oere fuotbaljen wie de konklúzje dat it it wol hiel dreech wurde soe om de 0 efter te hâlden bij SDS. De spitsen út Ljouwert hiene foaral it fizyr te heech te stean en oars wie dêr Jaap Toering, de doelman dy’t yn bloedfoarm is. Op de line hast net te passearen en tige konsintrearre oan it meifuotbaljen at it nedich is.
SDS kaam der yn it lêste kertier fan de earste helte hieltyd better út en krige in oantal hiele goeie kânsen (Dirk Yde, Wytze). It hie bij it skoft  3-6 stean moatten at je de grutte kânsen as doelpunt rekkenen. It stie lykwols 0-0.
De twadde helte it selde byld. De Sweltsjes better, driigjend mar ek te hastich. SDS siet der boppe op en it wie dan ek teloarstellende dat troch in frommeldoelpunt de 0-1 stân op it boerd kaam.
De mouwen wiene al opstrúpt bij SDS, en it leauwen yn in goed resultaat wie der noch altiten.
En it duorre mar 5 minuten doe’t it 1-1 wie. Ynfaller Dirk de Jong kaam frij foar de doelman en wist mei in moai wipperke de bal yn it doel te sjitten. De teloarstelling strielde der út bij de gasten en it wie foaral in ferfelende nû 9 dy’t hoates en toates kleide bij skieds oer fan alles. At hij sels al syn doelripe kânsen der ynkopt of sketten hie, wie der neat oan de hân west. Bloedstollend en seker de lêste kâns dy’t foar SDS wie wie fan heech nivo. In streep fan Erik Haitsma fanôf 35 meter waard goed keard troch de doelman. 1-1 in prima resultaat fan SDS en in komplimint foar it spul en de ynset. (ah)

Bruorren
It is fêst al hiel lang lyn dat de twa bruorren de Jong tagelyk yn it fjild stiene bij in thúswedstriid fan SDS 1. Hendrik en Dirk foelen beide yn.

Menaam
Yn Menaam is it hjoed SDS Vr2-en de SDS fammen dei (MC1). Beide teams spylje jûn tsjin Foarút.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS spylje jûn as nûmer de trije de topper tsjin nûmer 2 Bolswardia. De wedstryd begjint om 20.30.

Drs. Vijfje
Âld-SDS’er Freek Tichelman fuotballet dit seizoen yn de seal by Drs. Vijfje. Kommende freed spylje sy yn de bekerfinale tsjin REUZ út Vries en nije wike kinne sy kampioen wurde as sy winne fan datselde REUZ. Beide wedstriden binne yn Vries. Mocht Drs. Vijfje kampioen wurde dan promofearje sy nei de Earste Divisie. 
Ôfrûne freed hat Drs. Vijfe mei 6-3 wûn fan Real Camaradas. De bylden kinne jim
hjir sjen. Freek pikte ek noch efkes in doelpuntsje mei.
De bekerfinale yn Sporthal De Kamp yn Vries begjint freed om 21.45.

SDS League
Moarn hjir op de webside de aldernijste stân.

Harsens derby…..
Dizze rubryk hat hjoed syn jubileum!
Jûn mear hjir oer!