Weppers tiisdei 9-4

Fakatuere trainer SDS 2
8 april 2013
Weppers woansdei 10-4
9 april 2013

SDS 1 krijt besite fan koprinner
Jûn om 18.45 komt Leeuwarder Zwaluwen 1 nei Easterein. De Ljouwerters binne koprinner fan de twadde klasse. Mar Dirk de Jong hat ús koartlyn noch melden dat SDS 1 al hiel lang thús net ferlern hat. Sa lang sels dat wij no al net mear witte hoe lang.

SDS 1 – BCV 1
Kommende sneon spilet SDS 1 wer thús. Dan komt ien fan de oare koprinners nei Easterein: BCV.

Foto’s SDS 1
Fan de wedstriid fan sneon yn it Hearrenfean hat Wiep Wierda in wiidweidige fotoreportaazje makke.
Dy is
hjir te sjen.

Trainen A’s
De A-junioaren traine jûn tegeare mei SDS 2 om 19.00.

Bekerje
Moarntejûn mei SDS F1 út tsjin RES F1 útmeitsje wa ’t der nei de kwartfinales fan de beker gean. De wedstryd begjint yn Boalsert om 18.45.

Fakature trainer B-seleksje SDS
SDS is noch altiten op syk nei in opfolger foar Marco Hoekstra as trainer fan SDS 2. Jim kinne de fakature hjir sjen. Mochten jim noch tips hawwe mail dan nei info@vv-sds.nl.

Doelpunt

Wij binne bliid melde te kinnen dat de doelpuntenmakker fan SDS 3 sneon Arjen Los wie.

Socht

Us foarsitter hjit Douwe Dirk Reitsma. Dat koartsje wij wolris ôf ta DDR. Op it prikboerd yn Wommels sykje se in twadde DDR. Soe dy der wol wêze?

Gean foar it fuotbal
Mulier gie ferline jier ûnderút yn de neikompetysje tsjin SDS. Dit jier geane se der hielendal foar. De Ljouwerter krante kopte juster: “Kaatsers Mulier gaan voor de titel “en “de kaatsers van de ploeg kiezen voor het voetbal”. Dat klinkt ús as muzyk yn de earen!

Harsens derby(999)
Sa ’t jim noch witte fan juster kin dy Gary Mackay-Steven fan Dundee United wol aardich bolje.
Dizze aksje is miskien noch wol moaier as dy fan juster!