Weppers tiisdei 9-12

Weppers moandei 8-12
7 december 2008
Weppers woansdei 10-12
9 december 2008

Net traine
SDS 2 en SDS C1 traine jûn net y.f.m. it minne fjild.

De seal yn
SDS 2 traint woansdeitejûn yn de seal fan 21.30 oan’ t 22.30.

Rinskuon
Foar de wissichheid moatte de spilers fan de A-seleksje jûn mar wer nêst de fuotbalskuon ek efkes de draafskuon meinimme nei de training.
We hoopje se net nedich te wesen maar ja…..
Groeten,
Dick.

AH
SDS 5 wûn sneon mei 1-11. Doe’t de útslach bekind wie yn de kantine en de spilers noch net werom wiene, waard der op it skerm bijsetten AH 7 x. AH? AH? Aant Hofstra? 7 kear skoare?
“Nee,” seit Klaas Overal tsjin Geert Hiemstra,”dat is Auke Hiemstra, dyn soan”.
“Altyd wol tocht,”seit Geert gelyk, “de talinten komme der in kear út”. En hij rûn grutsk troch de kantine op wei nei de pisbak.
Dat it Auke Harm wie, inclusyf de 4 doelpunten fan Jappie docht net ta de saak.

Nij talint

Fan Harm en Ineke Stremler krigen wij in moaie foto fan harren jongste oanwinst en ús nije SDS talint. Alteast dat skriuwt Harm ús. Hij skriuwt der ek bij dat Sibrand net op pake Harm liket.
In kaartsje kin nei Harm en Ineke Stremler, ’t Kleaster 2, 8734 HB yn Easterein.

De Treffer
Folgende wike komt de nije Treffer wer út. Hawwe jim noch wat foar dit Krystnûmer, mail it dan nei DeTreffer@vv-sds.nl.

Bloedeloze puntendeling
Dat is de kop fan it ferslach fan de Drintse Siem Sikma. Sjoch
hjir wat hij fûn fan de wedstryd SDS 1 de Weide 1.

SDS League
Wy hawwe de punten yn de SDS League alfêst ynfierd en kinne alfêst sizze dat de stân hast oer de kop gien is. Woansdeitejûn kinne jim de nijste stân hjir besjen.

Foutsje(2)
De keeper fan Celtic, Arthur Boruc, gie it wykein aardich de mist yn: