Weppers woansdei 1-3-2023

Weppers moandei 27-2-2023
27 februari 2023
SDS-League: ‘Moest van Frank’ pakt de wykpriis!
1 maart 2023

SDS 1 oefent tsjin YVC 1

Justerjûn in aardige oefenwedstriid fan SDS 1- YVC 1.
Noch altiten in heale seleksje blessearre  (mar wol aktyf mei kofje en tee) en in oantal op skies, dus wie der net folle kar om in opstelling te meitsjen.
De jonge Yke Gaastra koe dêrtroch  syn debút meitsje.
Earste helte in hurdwurkjend SDS mei reedlik goed fjildspul. It levere allinne gjin kânsen op.
YVC wie iets minder oan de bal mar wol gefaarliker. It wurdt dan ek 0-1 krekt foar it skoft.

Nei de tee mochten Tim, Robin en Eeltsje it alvetal kompleet meitsje. Sij hiene earder op de jûn al traind bij SDS 2.
It begjin fan de twadde helte wie dramatysk en lachwekkend om te sjen hoe’t YVC 1 op 0-2 komt
Bij de middelline mocht Jelte Pieter in frije traap nimme. Hij twivele wat, nei foaren of nei efteren. Hij spile nei efteren, Iets te hurd en ticht bij de line lâns. Gerwin moast alle war dwaan om de bal yn te hâlden en spile fanôf de sydline werom op Jaap. Mar Jaap stie net yn it doel mar op de 16 meter. Jaap reagearde net omdat hij yn de ferûnderstelling wie dat er in yngoai plakfine moast. Mar de bal wie net oer de sydline west, sei grinsrjochter Samir.  Elkenien ferbaasd oer it eigen doelpunt en SDS ferbjustere.
SDS krige op ien of oare wize enerzjy fan dit foarfal en mei Remco yn de foarhoede en in fûl op de tsjinstanner sittend SDS komt YVC der net mear oan te pas.

In oertreding yn de 16 en Jelmer Posthumus fersulvert de strafskop. Robin van der Weg spile  op it middenfjild in geweldige twadde helte en meielkoar waard der flink stoard en striden.

De 2-2 koe net útbliuwe en krekt foar tiid kopte de krukkende Jelmer dochs noch rekke.

De alderlêste kâns wie foar SDS en it slagge krekt net de 3-2 te skoaren

SDS 2 seal

SDS 2 seal mei jûn besykje de punten yn eigen sporthal te hâlden. Tsjin Haskerland 3 om 20.00 oere soe sat slagje moatte. De Jousters hawwe noch net folle punten.

De Jousters hawwe der nei woansdeitejûn trije punten bij, se winne mei 2-6

Doarpsargyf

Yn Easterein binne se drok dwaande om in moai doarpsargyf op te bouwen. Fansels makket SDS ek diel út fan it doarp en sil dan ek in plakje krije.  Omrop Fryslân seach efkes yn Easterein en wij seagen yn it filmke û.o. Jan Hiemstra mei allegear SDS boekjes. Sjoch hjir