SDS-League: ‘Moest van Frank’ pakt de wykpriis!

Weppers woansdei 1-3-2023
1 maart 2023
Weppers freed 3-3-2023
3 maart 2023

Frank Bervoets hat krekt sa lang seurd dat syn freondinne Nynke Bekcers en har heit Bertus no eindelijk ris oan de SDS-League meidogge. It sil allinnich wol net de bedoeling wêze dat sy no dizze wike mei ‘Moest van Frank’ de wykpriis pakke en 2e stean wylst  Frank mei ‘Beter Horen’ 28e stiet.

Wiebe en Inne hawwe mei ‘FC Orthopedie’ net lang genietsje kinnen fan de kopposysje. Nei in wike sakje sy fan de nûmer 1 nei nûmer 3. ‘Hatseflats’ fan Thys Bruinsma pakt de kopposysje werom.

Rick Hendriks wist dat hy mei ‘FC Another Rick in the Wall’ in ein komme soe foar de wykpriis. Uteinlik komt hy krekt 2 puntsjes tekoart.

Tom Wijnia hat as ‘Manke Nelis’ in minne wike. Hy sakket net allinnich 5 plakken, mar hat ek noch syn pols op 2 plakken stikken.

De reade lantearn giet dizze wike nei ‘Sjoch mar eem’ fan Tjeerd de Vries.

SDS League 2022-2023 twadde helte stand wike 3