Weppers woansdei 1-10

Weppers tiisdei 30-9
29 september 2014
SDS 1 – Nijland 1
1 oktober 2014

SDS 1 – Nijland 1
Kommende sneon alwer in derby foar SDS 1. En wat foar ien? Sy spylje sneon om 14.30 thús tsjin VV Nijland 1. Oftewol de nûmer 2 tsjin de nûmer 3. Of eins de dield nûmer 1 tsjin de nûmer 3.
Moarn hope wy mei in útgebreide foarbeskôging te kommen.

SDS-ledengearkomst
De SDS-ledengearkomst is dit jier op woansdei 5 novimber om 20.00. Allegear komme dus!

OFK
Begjin jannewaris is der yn Frjentsjer wer it jierlijkse OFK(foarhinne Midwintercup). De foarrondes wurde spile op 2,5,6,7,8 en 9 jannewaris. De finales binne op sneon 10 jannewaris. De lotting is op freed 14 novimber om 20.30 yn sportkafé de Trije.

Pupillen fan de wike
Om ’t healwei septimber de webside wat yn de hobbel wie koenen wy gjin foto’s derop sette. Dêrom hjir noch efkes de pupillen fan de wike foar de wedstryd fan SDS 1 tsjin SC Joure 1, Niels Hiemstra en Rutger Sybesma. De pake fan Rutger hat de foto makke:


SDS-look-a-likes
Der binne lju alwer drok dwaande mei de Treffer, dus der kinne wol wer SDS-look-a-likes oanbrocht wurde. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl!
Eardere SDS-Look-a-likes kinne jim hjir fine.


Fan herte lokwinske!
Sjoerd en Bram van Beem binne hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Harsens derby(1345)
Bote Strikwerda traint wol gauris SDS 2 en kombineart dit moai mei syn leafde foar kuorkebaljen: