SDS 1 – Nijland 1

Weppers woansdei 1-10
1 oktober 2014
SDS League: "Algemeen Fons" pakt alles!
2 oktober 2014

Dé derby SDS 1 – Nijland 1
Kommende sneon alwer in derby foar SDS 1. En wat foar ien? Sy spylje sneon om 14.30 thús tsjin VV Nijland 1. Oftewol de nûmer 2 tsjin de nûmer 3. Of eins de dield nûmer 1 tsjin de nûmer 3. De winner giet fansels fol foar de 1e-Perioade.

Stân op foarhân
DWP en Nijland steane boppe-oan mei 9 punten út 4 wedstriden. It doelsaldo(+2) is lyk mar DWP hat mear doelpunten foar(10 tsjin 8). SDS tegeare mei NOK 3e. It doelsaldo fan SDS is aardich better(+9 tsjin +4). SC Joure stiet 4e mei 7 punten en dêrûnder steane 3 klups mei 5 punten. Opfallend is dat SDS sawol de measte goals foar(12) as de minste goals tsjin(3) hat.

Wa binne der net by SDS 1?
Dirk-Yde Sjaarda hat tiisdei efkes traind, mar is noch altiten in twifelgefal lykas Tsjipke Okkema. Ek Wytze Lanting hat noch lêst fan syn ribbekast nei in flinke beuk ôfrûne sneon, mar sil der fêst foar soargje dat hy der sneon is. Kristian Gaastra is in twifelgefal. Hy hat sneon in dik aai op it ankel oprûn yn de wedstryd tsjin Mulier.
Jelmer Posthumus is der net by. Hy is 4 wiken fuort op oefening. Ek Grietzen Broersma is noch altiten net wedstrydfit.

Wa binne der net by Nijland 1?
By Nijland 1 docht yn elts gefal Cor Goeman net mei. Hy hat ôfrûne sneon syn tean brutsen tsjin Tonego en is 4-6 wiken útskeakele. Erwin Hoekstra is der ek noch net by. Hy foel yn de earste wedstryd tsjin SC Joure út mei skuorde inkelbannen.
Ate Feike de Boer hat witte litten ek dit kear syn rentree net te meitsjen yn Nijland 1. Hy wol earst sa âld wêze as Harm Stremler.
Ate jout him noch efkes in skoftke del………

Wa soe der hast net wêze by Nijland 1?
De trainer fan Nijlân, Douwe Posthuma, wie ôfrûne sneon net ûngelokkich. Nei wat opbouende krityk oan it adres fan de skiedsrjochter yn de wedstryd TONEGO 1 – Nijland 1 krige hy net in reade, mar in giele kaart…….

De broers fan SDS 1
Ôfrûne sneon koe Dirk de Jong der net by wêze y.f.m. in kursus en dizze wike moast Hendrik de Jong nei it sikenhûs. Wy binne benijd nei kommende sneon. Soenen se der beide wêze?

De broers fan Nijland 1
By Nijland 1 soe Albert-Jan van der Belt kommende sneon efteryn stean as hy op dit momint net yn Ulaanbater(Mongoalië) wie. Syn broer Kor van de Belt is gjin opsje, want dy is trainer fan Nijland 2. Dêrneist is Kor ek nochris trout mei âld-SDS-fuotbalster en SDS-oanhingster Amarins Hendriks.

Wa binne der wol by SDS 1
Wy tinke dat Bram van Beem der alles oan dwaan sil om der sneon by te wêzen. Hy is yn de wike fan de 30’ers, Hendrik de Jong en Francesco Totti, 30 wurden en fielt him yn topfoarm. No ’t wy út ûnbetroubere bron fernaam hawwe dat hy moarn foar it earst yn skoften wer trainen giet kin it hast net misse dat hy sneon fan de partij is.

Wa binne der wol by Nijland 1
By Nijland 1 sil sneon Johan “Cambiasso” Eppinga heechstwierskynlik syn rentree meitsje. Hy hat dit seizoen noch net in wedstryd fuotballe.
Sjoerd Tjalsma die ôfrûne sneon foar it earst sûn’t de wedstryd tsjin SC Joure wer in heal oere mei en liket op ‘e tiid fit foar de wedstryd tsjin SDS.

Nijland-look-a-like
By SDS hawwe wy wat 
Look-a-likes, mar by VV Nijland ek fansels. De trainer fan Nijland 1, Douwe Posthuma, hat wol wat fan Diego Simeone. In garansje foar striid!


Opstellingen
fashion2
As Nijlân al mei in soad ferdigeners komt dan is it foar SDS altiten noch in opsje om yn dizze formaasje oan te treden: 0-2-8……

Foarsizzing
Anne Brouwer wol gjin foarsizzing dwaan oer de wedstryd fan kommende sneon, mar wy hawwe wol in âlde foto fûn doe ’t hy sa ferkâlden wie……..

Nei dizze wedstryd steane wy twadde…….

Foarútsjen
Ek ien fan de webmasters sjocht efkes foarút op syn eigen
blog.
 
Frans Munsterman en Douwe Posthuma sneon tegeare efter de parsetafel yn de kantine?

Nijlanner Sixpacks
Fansels kin der sneon nei de wedstryd yn de kantine in bierke of wat oars dronken wurde. Wy hawwe út ûnbetroubere bronnen fernaam dat sy yn Nijlân dwaande binne om spesjale “sixpacks” mei te nimmen om bier te heljen:
Permalink voor ingesloten afbeelding

Útferkocht?
Fans fan Bayern München hierden dit wykein in flat yn Moskou sadat sy dochs noch de wedstryd tusken CSKA en Bayern sjen koenen fanôf 18 heech. Mocht it sneon fol reitsje by SDS 1 – Nijland 1 dan is it miskien in idee om te freegjen om by Titus Bergsma op de sporthal te sitten…….


Mear derbynijs?
Hawwe jim mear nijs oer de derby fan sneon, mail it dan efkes nei info@vv-sds.nl!

Harsens derby(1346)
Dhr. Blom fluitet sneon SDS 1 – Nijland 1. Wy hawwe heard dat hy krekt sa technysk is as dizze skiedsrjochter:


Letter miskien wol mear!