Weppers tiisdei 30-9

Weppers moandei 29-9
29 september 2014
Weppers woansdei 1-10
1 oktober 2014

Doelpunten
Der is dit wykein aardich skoard mei meardere opfallende saken dy’t de folgjende fragen oproppe.
* Kirsten Hiemstra fan VR 1 skoarde mar leafst 5 kear en de fraach is fansels at der ea earder in Hiemstra fan dy famylje 5 kear skoard hat yn ien wedstriid (Geert net meirekkene).
* Skoarde Jildou Siesling út Lollum skoarde bij VR1 har alder earste doelpunt bij SDS?
* Hoe lang is it lyn dat Hendrik de Jong trije kear skoarde yn SDS 1?
* Hoe kin it dat Eeltje Postma dit jier sa folle skoard?
Jim kinne ien of meardere antwurden maile nei
sds-nijs@home.nl.

Doelpunten
De totale list fan doelpuntenmakkers fan dit jier is
hjir te sjen.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballlers fan SDS 1 meie moarntejûn foar it earst dit seizoen thús fuotbalje. Sy spylje om 20.00 alwer in derby. No tsjin RES 4.

Ferslach fan D1
Ek it ferslach fan D1 fan sneon is fansels wer skreaun troch Theo Postma. Jim kinne it
hjir lêze

B2

Ek B2 is ôfrûne sneon op de foto kommen.

Alderaardichst
Snein heard by SC Heerenveen – PSV;
“Dy spits fan SC Heerenveen is thús dúdlik better as Uth…………”

Harsens derby(1344)
Knap goaltsje!