Weppers tongersdei 9-7

Weppers tiisdei 7-7
6 juli 2009
Weppers sneon 11-7
10 juli 2009

Nijs
It is wat komkommertiid wat it SDS-nijs oanbelanget. Dochs probearje wy jim eltse dei nije weppers te bringen. It is no efkes ien kear yn de 2 dagen, mar as wy de smaak wer wat te pakken hawwe hoopje wy dochs eltse dei wer wat foar jim te hawwen. Wy hoopje dat jim ús wat helpe kinne, ommers de helte fan de wepmasters is ek noch mei fakansje. Hawwe jim dus wat, mail it nei
info@vv-sds.nl!


Tarieding SDS 1
Jierren lyn begie SDS 1 altiten de tongersdei nei de Freule mei harren tarieding op it nije seizoen. Dy tiid leit efter ús en tsjintwurdich is it allegear wat oars. Út ûnbetroubere bron hawwe wy fernaam dat SDS 1 dit seizoen al op 25 july begjint. Dat is de tiisdeis foar de PC. By VV Nijland begjinne sy noch krekt wat earder, namelijk op sneon 22 july.

Bynammen
By SDS hawwe wy ûnder oaren Auke “Buckler”, Gerrit “Herbert Waas” Terpstra, Klaas Dak, Klaas Klinker en gean sa mar fierder. Ek bûten Easterein hawwe der aardich wat fuotballers bynammen. Wy binne benijd as jimme dizzen kinne (klik
hjr).

WK 08-07-09
Foar it earst waar it WK ferspiele yn de rein, wat uiteraard harren effecten hie op it spul. Wat foel der dizze edysje op?
– Debuut fan Anne Steen
– Der wurd de lêste tiid minder scoart, ferdedigend stiet it as in hûs. (of binne de goals gewoan te lyts!?)
– Koartste WK
– Ek de Dûtsers hawwe soms moeite om foar leeg goal te scoren
– Henk hat hast syn nocht
– Op de Kalverstraat wurt in protte jild wiit wosken, mar je mutte de panden oan de terp ek net ûtflakke.
– Mark en Servet inspireert troch de Turkse stijl fan ferdedigen.
It bleaun, krekt sa as moandei, wer in lange tiid 0-0. Ienige manier fan scoaren wie trochmiddel fan in counter. Team Hendrik de J., Mark, Tsjipke, Willem en Servet hiene dit ien it begjin fan it spul better yn de macht as Team Hendrik E., Henk, Anne, Kees en Eeltje. Lêst neamde kaam dan ek 3-0 efter foardat sei it spul goed koene lêsen. Mei de winnende goal wie it spul fan Team Mark in iepen boek foar it oare team. Nei in flymskerpe oanfal snijdde Team Kees troch de turkse ferdediging hinne en wisten sei op in moaie manier te oerwinning binnen te heljen. Omdat dit, yn tsjinstelling to oare kearen, binnen 5 minuten gebeurde waar der beslûten om nog in winnende goal te hâlden. Dizze waard knap fan (hast) eigen helte ynsketten troch Willem.
Wederom in moai WK, wer troch de oanwesichen foarm behâld is toant.
Namens it WK Bestjoer,
Alg.Stat.Dir. Hendrik Engbrenghof


Kampioen
Yn Argentinië waard Veléz Sarsfield kampioen troch yn de lêste wedstryd mei 1-0 te winnen fan Hurracán. Wie it lyk wurden dan wie Huracán kampioen wurden. De 1-0 fan Velèz wie al in goal mei in “luchtje”:




Skylk mear!