Weppers tongersdei 9-7

Oefenskema+seleksje SDS 2
9 juli 2015
Kaartsjes sc Heerenveen – MVV
10 juli 2015

Fergees nei SC Heerenveen – MVV!
Foar al dy jeugdleden fan SDS dy ‘t SDS-keunstgerslotten ferkocht hawwe en bern út de SDS-Minileague is de yntree fergees! Dit jild ek foar froulju fan Vr.1 en Vr.2 o/m 18 jier.
Sy moatte dan allinnich al mei in kaartsje by de kassa komme. Dizze graach sa gau mooglik ophelje by ûndersteande adressen:
De A’s en de B’s kinne harren kaartsje ophelje by:
Tjerk van der Pol, Geins 5, Wommels
De rest kin in kaartsje op namme ophelje by:
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
Douwe-Dirk-Reitsma, Smidslân 11, Easterein

Leaf!
Alle jeugd fan SDS dy ’t keunstgerslotten ferkocht hat kin dus in kaart ophelje. It wie dan ek efkes skrikken foar ien fan de wepmasters doe ’t der foarige wike sa mar in senior-lid foar de doar stie; ” Ús mem sei dat ik hjir in kaart ophelje koe foar sc Heerenveen – MVV……….”.

Nije keeper
Foar hjoed stie der hjir in enquete klear mei de fraach wa ’t de nije keeper fan sc Heerenveen wurde moast. De direksje fan sc Heerenveen hat dit yn de kym smoare kinnen troch hjoed gewoan in nije keeper te heljen. Nije wike freed is Erwin Mulder fan Feyenoord mooglik foar it earst yn aksje as keeper fan sc Heerenveen yn Easterein.

SDS-look-a-likes (1)
Yn eltse edysje fan de Treffer treffe jim ien fan ús favorite rubriken; de SDS-Look-a-like. De kommende wiken kinne jim de look-a-likes fan de Treffers út de ôfrûne 1 1/2 jier besjen. Hjir diel 1:

Mear SDS-Look-a-Likes kinne jim fine ûnder it kopke “SDS-supporters” linksûnder op dizze side.

vv Nijland
Je kinne al sjen dat vv Nijland in stapke omheech gien is. Sy begjinne al op 24 july mei de tarieding op it nije seizoen. Dat is 2 wiken earder as SDS. Op tiisdei 18 augustus sille wy sjen as it wat útmakket, want dan oefenje vv Nijland en SDS tsjin elkoar yn Nijlân om 19.30 oere. Sjoch hjir foar it hiele trainingsskema fan vv Nijland.

Harsens derby(1524)
Sa kinne je in skiedrjochter ek witte litte dat je it net mei him iens binne:

Stupid referee door soccermr





























Nije keeper sc Heerenveen?
By sc Heerenveen is keeper Nordfeld fertrokken nei Swansea City en giet ek de keeper fuort dy ’t ferline seizoen noch sjoen waard as syn opfolger; Viktor Nöring. Wa moat der no keepe by sc Heerenveen?
Om ’t sc Heerenveen noch altiten gjin opfolger helle hat binne wy benijd wa ’t jim nije wike graach sjogge as opfolger fan Nordfeld.
Jim kinne it hjir ynfulle
.