Weppers tongersdei

Weppers woansdei 16-12
16 december 2009
SDS League: Berrieboys dogge goeie saken!
17 december 2009

Ticht
It trainen giet jûn net troch. Dat is fêst gjin nijs. De kantine is net iepen. Dat is miskien wol nijs. Mei oare wurden jûn gjin SDS aktiviteiten.
Durk

Neat giet troch
It trainen fan it twadde gjit logischer wiis jun net troch. De evaluaasje fan trainers en leiders fan SDS 1,2 en 3 kin ek net plakfine, it is net ferantwurde om de dyk op te gean. 
Klaas


SDS 1 en 2 pakke beide punt, mar………

Sawol de sealfuotballers fan SDS 1 as 2 spilen juster lyk. Beide stienen
by de rêst mei 4-1 foar mar ferspilen de foarsprong dochs noch. SDS 1 spile 5-5 tsjin Futsal Cambuur 2 en SDS 2 spile 4-4 tsjin Sneek-Wit/Zwart 3.
SDS 1 spile juster tsjin in beweeglijk Futsal Cambuur en hie yn it begjin net folle yn te bringen tsjin de Ljouwerters. Dochs kamen sy út in kounter op 1-0 troch Feite. De Ljouwerters tikten dan wol snel en wienen wetterfluch, mar folle kânsen levere it net op. SDS kaam der hieltiten mear út en stie mei de rêst sels 4-1 foar nei goals fan Freek, Jildert en Tsjipke. De twadde helte foelen de Ljouwerters noch mear oan en profitearden sy fan lytse slipperkes fan SDS’ers. It waard 4-2 en 4-3 en al makke SDS der 5-3 fan (Feite), dit betekene net dat SDS de punten binnen hie. It waard 5-4 en spitich genôch makken sy yn de lêste minút ek noch de lykmakker. Spitich puntferlies yn de lêste minút, mar sjoen it spul fan Futsal Cambuur siet der net mear yn.

KNVB.nl
In protte linkjes op dizze side ferwiisden nei de side fan de KNVB. Sa koene je per alvetal it programma, de útslaggen en de stân besjen. Sûnt dizze wike is al dy ynformaasje oergien nei voetbal.nl. Oars net slim, mar alle linkjes moatte op nij ynsteld wurde. En dat fine wij k.t. Ek binne wij noch drok op syk nei programma’s fan rinnende en kommende wike.

Sneon alles ôflast
Kommende sneon is der wol in fjildprogramma. Wij binne benijd wannear de KNVB alles derút smyt. No dus (klik hjir).

Krysttoernoai Frjentsjer
2 teams slucht fol SDS’ers dogge kommende sneontejûn en 2e-Krystdei mei oan it jierlijkse Krystsealtoernoai yn Frjentsjer. By SDS dogge Jaap, Tsjipke, Skelte, Erik, Jelmer, Feite en Willem mei. By Hanzedruk fuotbalje û.o. Sytze K., Jildert, Freek, Martin, Sicco en Wytse. Fierders sil der noch wolris ergens in ferdwaalde SDS’er by fuotbalje. Sa sit André Bons by Happy Boys en spilet hy tsjin SDS.
Jim kinne
hjir it folledige programma fine.

Midwintercup 2010
It programmaboekje foar de Midwintercup 2010 is no ek te finen op de KNVB-side. Sjoch hjir.

Kaai fûn en terjochte
Ofrûne sneon is der op De Skoalleseize by it yntreehokje in kaai fan in fietsslot fûn; de kaai is fan it merk AXA; hy is in bytsje krom en in bytsje roastich.
Fedde Wiersma
De kaai is ynmiddels terjochte.


Harsens derby (99)
As je in skoft op de tribune sitte dan moat je je broek ek wolris efkes ophise. Dizze buorfrou is der net sa wiis mei……. Proost!:

Op it ein is it fragmintsje mei Alex Ferguson fansels ek super.