SDS League: Berrieboys dogge goeie saken!

Weppers tongersdei
16 december 2009
Weppers freed 18-12
17 december 2009

It is fan ‘e wike “Berrieboys” fan Pieter Sytsma, Frank en Remco Bervoets dy ’t goeie saken docht. Sy pakke net allinnich de wykpriis mar stijge fan 4 nei 2 en hawwe noch mar 5 puntsjes efterstân op nûmer 1, “Alles op Elyounoussi” fan Paul Reitsma. De “Berrieboys” pakten ek yn de earste wike fan de SDS League al in wykpriis.

“Op naar de Top” fan Marten Faber sakket op ‘e nij as in bakstien. Hy giet no fan 3 nei 6 en it liket der sels op dat hy it dizze edysje fan de SDS League sûnder priis dwaan moat ûndanks wiken boppeoan stien te hawwen.

Eeltsje Postma liket no wol hast seker fan 2 kratsjes bier fan buorman Hjalmar Ruiter. Hjalmar komt dan wol ien puntsje tichterby, mei noch in efterstân fan 15 punten liket hy “Feuuuuurrr” net mear efterhelje te kinnen.

“FC Supermario” fan Doede Rients Okkema is noch altiten stiif lêst.



Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 12.