Weppers tongersdei 8-10

SDS League: Brammetje koprinner!
7 oktober 2009
Seleksjes sneon 10-10
9 oktober 2009

SDS 1 seal wint
It 1e sealteam fan SDS hat juster mei mar leafst 13-4 wûn fan (in ferswakt) VC Trynwâlden 1. De drok besette tribune(Hampie, Bas, Jeroen, Douwe-Dirk en Klaas O.) seagen mei nammen Tsjipke skitterjen. Hy makke mar leafst 8 doelpunten. Feite makke der 4, Jan Simon 1 en der wie ien eigen goal.

SDS 2 seal útsteld
SDS 2 moast justerjûn thús tsjin Renado 3. Dizze wedstryd gie net troch om ’t Renado te min minsken hie. De wedstryd is troch de KNVB no fêststeld op woansdei 18 novimber.

SDS – Nijland-pool!
Yn gearwurking mei de wepmaster fan vv Nijland wolle wy graach wer in pooltsje opsette foar de derby fan sneon tusken SDS en Nijland. Mail ús de rêst- en einstân en wy binne benijd wa ’t der gelyk krije.
Mail ús jo foarsizzing! Mail nei
info@vv-sds.nl.
Wy hawwe ynmiddels al sa ‘n 15 foarsizzingen binnen.

Meinte-Sixmatoernoai
Zaterdag  24 oktober a.s is het Meinte-Sixmatoernooi. Het
is van 9:00 tot 13:00. Het is voor D-, E- en F-pupillen. Graag doorgeven wie meedoet en uit welk team hij komt i.v.m indeling teams. Het is een 4 tegen 4 toernooi.

Doorgeven kan bij bouke.bouma@home.nl. Opgeven voor 17 oktober!!!

Ook scheidrechters die willen fluiten die kunnen zich opgeven via dit emailadres.
Graag zo spoedig mogelijk!
groet JC
 

VI-kwis
By de VI hawwe sy wer in alderaardichste kwis. Wy binne benijd hoefolle as jim der witte(klik
hjir).

Mear musyk deryn
SC Cambuur stiet dan wol aardich boppe-yn de Earste Divysje, mar it fuotbal is noch net echt om oan te sjen. De Cambuurlieding hat hjir no wat op fûn(klik
hjir). Is dit miskien ek wat foar SDS 1?

“De moaiste hast-goals” (5)
Hjir in geweldige aksje fan George Best dy ’t yn it sjurt fan Noard-Ierlân yn in wedstryd tsjin Ingelân de op dat momint beste keeper fan de wrâld, Gordon Banks foar gek set. De goal waard allinnich spitich genôch terjochte ôfkeurd.

27 jier letter docht
Robin van Persie itselde. Ek no waard de goal ôfkeurd.