Weppers tongersdei 7-2-2019

Weppers tiisdei 5-2-2019
5 februari 2019
Weppers freed 8-2-2019
8 februari 2019

SDS 1 – Oeverzwaluwen 1

Kommende sneon komt de firtuele nûmer twa fan de kompetysje op besite yn Easterein. De earste wedstriid fan it seizoen yn Koudum einige mei in 1-1 stân.

SDS 1 en Oeverzwaluwe 1 yn it ferline

Yn 2007-2008 sieten beide ploegen ek bijelkoar yn de kompetysje. Dat wie doe yn de twadde klasse. Bij SDS wie Marcel Frankena trainer (syn lêste jier) en hij waar opfolge troch Dick Schuurmans dy’t doe trainer fan Oeverzwaluwen wie. Sjoch hjir wat de wedstriid yn Easterein op 6 maart 2008 SDS oplevere en sjoch hjir foar it oersicht fan it hiele seizoen 2007-2008

Talinten

By SDS is Douwe Posthuma dit seizoen dwaande om talinten fan SDS út de JO19 en JO17 mear te belûken by SDS 1 troch se sa no en dan meitraine te litten mei SDS 1. Dit makket de jonge hûnen gretich en lit se alfêst wenne oan it senioarenfuotbal. Yn de nijste VI stiet in posityf stikje oer de wurkwize dy ’t ek by AZ fertúten docht.

Kantine iepen!

Jûn is der wer folop trainen yn Easterein. Nei it trainen is de kantine fansels ek iepen. It belooft in noflike jûn te wurden, want Hans van der Schaar stiet foar jim klear mei hapkes en snapkes.

Ut de regio (1)

Ek yn Frjentsjer hawwe se bij de pleatselike fuotbalferiening sc Franeker in kar makke oer op hokker dei it prestaasjefuotbal trochgean moat. It is ek hjir de sneon wurden.

Ut de regio (2)

Wat ûngemurken, troch dat se sels net spilen,  is vv Oosterlittens snein wol perioade kampioen wurden yn de 4de klasse A. Fan herte lokwinske!

Seizoen 2019-2020

It fuotbalseizoen sil it folgende seizoen wer begjinne mei bekerwedstriden op sneon 31 augustus, 7 septimber en 14 septimber. De kompetysje begjint dan op sneon 21 septimber. Foar de sneinskompetysjes jild itselde, mar dan allegear in dei letter.

SDS-League ynleverje foar sneon 19.00 oere!

Ferjitte jim net om jim nije team foar de SDS-League foar sneon 19.00 oere yn te leverjen? Der lizze no ek ynfulbryfkes yn de kantine.

Foar Harry Kane dit jier gjin kampioenskip yn de Premier League, mar miskien wol yn de SDS-League?

Harsens derby (2101)

Knappe frije traap………………. efter op de skonken……………

Letter miskien wol mear!