Weppers tiisdei 5-2-2019

Knap oannommen!

De beste aksje by Minnertsgea 1- SDS 1 wie miskien noch wol fan de assistent-skiedsrjochter fan SDS 1, Tjerk van der Pol. In hege bal lei hy sa yn ien kear dea foar him del.

Foto Henk Bootsma

Knappe kans!

SDS 1 hat sneon wol in sti of wat kansen hân, mar krige de bal der net yn. Dit wie de kans foar Lourens om te skoren. Dit wie al nei sa ’n 5 minuten. Hy omspile de keeper, mar ek hy krige de bal der net yn.


Foto’s Henk Bootsma

SDS-League ynleverje foar sneon 19.00 oere!

Ferjitte jim net om jim nije team foar de SDS-League foar sneon 19.00 oere yn te leverjen?

 Firmino hat syn nije team al klear! Wy hienen leaver sjoen dat hy juster mei Liverpool wûn hie……….

Tattoo Jaap

In Argentijnse keeper hat in foto fan syn trainer Diego Maradona op syn boppefoet sette litten (sjoch hjir). Foar ús neat nijs! Keeper Jaap Toering hat al jierren in tattoo fan trainer Douwe Posthuma op syn boarst stean!

Tattoo Erik

Ek Erik hat al jierren in tattoo fan in trainer 😉

Harsens derby (2100)

Knappe frije traap……………