Weppers freed 6-3

Weppers tongersdei 5-3
5 maart 2009
Seleksjes sneon 7-3
6 maart 2009

Wol traind
Dat SDS 2 en 3 net trainden bea SDS 4,5 en 6 de gelegenheid om op it grutte fjild te trainen. Sipke en Aant hiene efkes oan it begjin fan de jûn oerlein  en woene dit bûtenkânske net oan harren foarbij gean litte. Want der soe dochs wol in droech hoekje wêze foar in stik as 10 gretige trainingsbisten.
It waard tsjin 8 oere droech en der kamen 14 man nei de training. Mei alle respekt foar Johnny Leistra, dy’t fytsend fan Hartwert kaam.
It waard in in moaie training mei tige wikseljende fjildomstannichheden. De waskmasjines draaie hjoed wer op folle toeren.

Voetbal21
Ferline wike waard foar SDS 1 in gelykspul foarspeld. Dizze kear wurdt der in 1-1 gelykspul tasein. Helaas wer ferkeard, wij rekkenje op in oerwinning fan SDS1 tsjin WPB 1.

Seleksjes
Moarn sille der wer 6 seniorenteams , 2 damesteamd it fjild en en in hiele protte jeugd. De seleksjes fan senioren en A’s letter hjoed.

AH-plaatsjes
De measte minsken hawwe harren fuotbalplaatsjesboek fan de AH al fol. Tom en Pieter moatte der noch in pear nl. El Ahmadi en Van Bronckhorst (FEY), Grindheim (HEE), Pieckenhagen (HER), Van der Leegte (NAC) en Van Zaanen (VOL). Dy `hobbit` Kevin Hofland hawwe se al.