Weppers tongersdei 5-11-2020

4 novimber 2002
4 november 2020
Sneon 7-11-2020
7 november 2020

Moaie opbringst Rabo ClubSupport!

Wy binne tige bliid dat de Rabobank aksje Rabo ClubSupport ús mar leafst €387,83 oplevere hat. Dit is alwer mear as ferline jier!
Wy hoopje folgend jier noch mear binnen te heljen. Ommers in hiel soad SDS’er hawwe in Rabobankrekken en kinne sa lid fan de Rabobank wurde. Wolle jim folgend jier ek op SDS stimme, sadat wy noch mear jild fan de Rabobank krije kinne wurd hjir dan no alfêst lid fan de Rabobank. Hooplik smyt it dan folgend seizoen noch mear op om dêr in diel fan ús 75-jierrich-jubileum yn 2022 mei te bekostigjen.

Rûntsje foar de klup!


Je kinne SDS ek stypje troch in “rûntsje foar de klup” te jaan. De earste rûntsjes strome al binnen. Klik hjir om in rûntsje te jaan.

Net traine……….

No ’t de restriksjes oangeande de Koronamaatregelen op ‘e nij oanhelle binne en dêrtroch it trainen by de senioaren noch mar yn groepkes fan 2 op oardel meter ôfstân mei hat SDS 1 mar besletten om de kommende 4 wiken net te trainen. Vr.1 soe ek los, mar hat dit foarearst ek mar útsteld.

Oefenprogramma sneon 7 novimber

Mei de koronarigels fan no mei de jeugd lokkich genôch wol ûnderling balje. De jeugd fan SDS makket hjir dan ek gretich gebrûk fan. Dit is it programma fan moarn. Sûnder publyk, mar wol mei bulten enthousiaste jonkjes en famkes!

9.00 – 10.00 oere:
Minileague

9.00 – 10.15 oere:
Mix toernooi
JO8, JO9 en JO10

10.30 – 12.00 oere:
JO15-1 – JO17-2

13:00 – 14.30 oere:
JO17-1 – JO19-1

De seal yn?

Wy binne drok dwaande om te sjen as de jeugd fan SDS fant winter wat ûnderlinge toernoaitsjes yn de seal dwaan kin yn Easterein.

Foto’s SDS A1 út 2006

Fan Klaas en Akke de Haan krigen wy inkelde prachtige foto’s fan SDS A1 – Heerenveense Boys A1 út 2006. Nije wike kinne jim se hjir op de webside besjen.

Harsens derby (2268)

Je moatte altiten je harsens derby hâlde!