Sneon 7-11-2020

Weppers tongersdei 5-11-2020
5 november 2020
Ut de âlde doaze: SDS A1 – Heerenveense Boys A1 2006
9 november 2020

Amateurfuotbal

In moai kollum fan Sjoerd Mossou yn it AD hjoed , wêr’t wij it hielendal mei iens binne. Lês hjir

Rêstich

Der wie dus wer in ûnwurklike stilte op sportpark “de Skoalleseize”.  Wat fytsen en in inkele auto op it parkearterrein. Spilers fan jeugdalvetallen dy’t oankomme yn de fuotbalklean, want klaaiboksen meie net iepen. Oefenje sûnder belangstellende âlders. Yn it skoft gjin tee, mar in eigen bidon mei wetter. In koart skoft want it is bijkomme  op it fjild.  Oefenje.

SDS JO15-1 – SDS JO17-2

Wij seagen efkes om de hoeke bij SDS JO15-1 tsjin SDS JO17-2. As trainer en as wepmaster, sadat wij dochs noch wat te melden ha op de wepside..

De jonges fan SDS JO 15 1 wiene oer it algemien in heale of in hiele kop lytser as harren tsjinstanners fan JO17-2.  Mar se fuotballen wat makliker. Foaral yn de earste helte kamen se der hieltyd fuotbaljend goed út. De grutte jonges wiene wat doeltreffender. Fysyk hiene se wat oer en dat benutten se 4 kear. Moai om te sjen dat de beide seleksjes hielendal kompleet wiene  en dat jout wol oan dat dit nuttige sneontemoarnen binne.

Koach Floris ten Hag fan JO 17-2 brabbele nei ôfrin, wat wij ferstiene as: “It wie better as Ajax fannewike”.

Timen de Boer nimt de hoekskop foar SDS JO17-2  fanôf links… Keeper grypt goed yn

Timen de Boer nimt korner fanôf rjochts…….Keeper grypt goed yn