Weppers freed 5-3

Weppers tongersdei 4-3
3 maart 2010
Seleksjes 6-3
4 maart 2010

Seleksjes
Letter hjoed kinne jim hjir de seleksjes foar de senioaren fine. Wat SDS 1 , 2 , 3, 4 en 6 betreft tenminste. SDS 5 hoeft net fansels. Sy kinne moai mei de frou nei de stêd.

Sport 1
Wa ’t digitale t.v. hat kin de kommende 11 dagen fergees sjen nei de betelstjoerder
Sport 1. Dat betsjut in hiele protte fuotbal út Ingelân, Dútslân en Spanje. It begjint hjoed.

Snie
It sil ús benije as it fuotbaljen allegear trochgiet moarn. Neffens Pyt soe der fannacht tusken de 9 en 11 (10 dus!!) sintimeter snie falle. No seagen wy fannemoarn dat der 0 sentimeter yn Wommels lei en 1 sentimeter (heegút ) yn Easterein. Wy binne benijd wat der hjoed noch komt. Wy hâlde de snieradar yn ‘e gaten (klik
hjir). Der koe hjoed om 14.00 wolris in lyts sniebuike falle…………

Telt net
Wy krigen justerjûn yn de kantine al reaksje op it filmke wat juster op de webside stie. Hjir ek noch in reaksje fan Sipke Hiemstra en neffens ús hat hy hielendal gelyk:
Folgens my telt dy “wind scores own goal” net en moat dat een corner wurde. It is een spelhervatting krekt as een yngooi. Bij beide kin je net yn ien kear score (en kin je ek net butenspul stean). 
gr Sipke

Klaverjasse

At der noch wat SDS’sers binne dy’t snein in kaartsje lizze wolle (klaverjasse) dan meie sy harren melde yn de Jimbar. Der binne noch in pear plakjes foar takom snein 16:00.
Wybren
 
Betelje
Wij krije in freonlik dochs twingend fersyk fan it managemint fan SDS 3 binnen. Der binne noch in oantal mannen dy’t noch betelle hawwe foar de grutteklupaksje en de freonen fan SDS. Wa’t it binne witte se sels wol mar foar de dúdlikheid de nammen: Dirk, Mark, Bote, Peter, Ralph. De 15 euro kin stoart wurde op 33.70.43.787.

Wat seit Anne Brouwer?
Ôfrûne sneon waard
der in doelpunt fan Trynwâlden 1 tsjin SDS 1 goedkeurd wylst grinsrjochter Anne Brouwer  drok stie te flagjen foar bûtenspul. Yn ús archyf kamen wy in foto tsjin dy ’t ôfrûne sneon miskien ek wol nommen wêze koe. Wat seit Anne hjir tsjin de skeidsrjochter?
Of wat seit de skiedsrjochter?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!
Yn de nije Treffer kinne jim de rissultaten sjen:

(Foto Henk Bootsma)

Harsens derby (156)
Ek as assistint-skiedsrjochter kinne je der mar om tinke as der sa ’n fleanend skeermes oankomt: