Weppers tongersdei 4-12

SDS League: Ralph pakt de wykpriis!
4 december 2008
Weppers freed 5-12
5 december 2008

Slúten
De kantine is jûn sluten.

Gjin trainen jûn
It trainen fan SDS C1 giet jûn net troch.
Dirk de Jong

Giet ek net troch
It keepertrainen giet fannejun ek net troch, kin sa snel gjin oranje ballen fine!!! 
Groetnis Marten


Ek dit giet net troch 
It trainen fan SDS 4 en 5 giet jun net troch! 
gr Sipke

Gjin trainen mear bûten
D2 heeft vanaf donderdag GEEN trainen meer.
we gaan in februari weer op het veld trainen, wel zijn er nog 2 zaaltrainingen,
te weten op vrijdag 19 dec. om 17.00 uur en op vrijdag 30 jan. 2009 om 17.00 uur.
onthoud deze data goed of schrijf ze ergens op, je wordt hier niet meer over gebeld.
nog een belangrijke datum is van het kersttoernooi op 20 december.
Voor de keepers geldt, als ze willen weten of de keeperstraining doorgaat, even aan de trainer vragen of de website in de gaten houden. 
groeten Boudewijn.

Wol traind
It is goed om te melden dat der justerjûn noch wol wat trainen troch gie. E1 en E4 trainden yn in kreas droech oerke op in wol wat wiet fjild, mar mei in soad wille.
At it net minder wurdt dan bliuwe se de kommende twa wiken ek noch trainen. Se hawwe oan in hoekje genôch en se wolle noch graach.

SDS 3 kear skoord mar toch………
SDS 3 pakte sneon in puntsje yn Boalsert tsjin Bolswardia 2. Der hie mear ynsitten. Lês it ferslach fan Sjoerd mar ris
(klik
hjir).

SDS 1 en 2 nei Snits 
SDS 1 en 2 traine jûn tagelyk yn Snits op kuenstgers. Sy fertrekke beide om 19.40 út Easterein.

Jild mei!
Eltsenien fan de B-seleksje dy ’t noch betelje moat foar it útsje oan it ein fan it seizoen moat dit jûn dwaan by Sytze. Graach €20,- meinimme.

Beauty
Wy binne wei fan fuotballers dy ’t krekt efkes wat oars dogge dan de measte fuotballers dwaan soenen. In dûbele skaar, in omhaal, in hakje, wy frette it. Peter Madsen fan Brondby IF is sa ’n spiler. Yn de wedstryd tsjin Sonderjyske stienen sy mei 5-0 foar doe ’t Madsen de bal krige binnen de sechtjin meter. Hy naam de bal knap oan en nei in pear nuttige kapbewegingen wie de goal doel leech en hie hy alle romte om de bal der maklik yn te skoppen. Madsen betocht dat hy dit ek op in orisjinele manier dwaan koe en smiet der in
rabona út. Super!