SDS League: Ralph pakt de wykpriis!

Weppers woansdei 3-12
2 december 2008
Weppers tongersdei 4-12
4 december 2008

Photo
De winner fan dizze wike hat as ienige yn de SDS League Johnny van de Burger King yn de basis stean. Smite dit oan it begjin allinnich noch mar dikke rekkens by de Burger King op, no smyt it de wykpriis op. Van de Beukering(NEC) pakte mar leafst 12 punten.

Ralph Wariman pakt mei syn “Ruftfangers”dizze wike de wykpriis. Hy hie mar leafst 48 punten. It ferskil mei de twadde fan dizze wike(Team Toering) is mar leafst 11 punten. Van Beukering(NEC) makke foar Ralph dus it ferskil. Wy ferwachtsje dan ek dat Ralph mei de wykpriis syn freondinne út iten nimt nei de ………Burger King.

Gert-Jan Hiemstra stiet noch altiten boppe-oan mei “Hallo Venray”(Lolke) en “Tom, Pieter & the Heartbreakers” krekt(2 en 3 punten) efter him. De konkurrinsje komt allinnich wol hieltiten tichterby.

In soad teams kamen dit wykein mei te min spilers it fjild yn. Toppers yn de SDS League as El Hamdaoui(AZ), Huntelaar(AJA), Demouge(WII), Berg(GRO), Amoah(NAC) en Affelay(PSV) dienen it wykein net mei.

Opfallend oan it team fan Klaas Pompstra is mei nammen dat hy Lesley Fellinga fan SC Heerenveen yn de basis stean hat. Wierskynlik hat Klaas dit dien omdat dizze namme wol aardich fertrout klonk. Folle punten smyt dit fertrouen oan ’t no ta net op (presys nul), mar hy hat wol de ferdediger fan SC Heerenveen yn de basis mei de minste goals tsjin………….


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 9.