Weppers tongersdei 31-10

Weppers woansdei 30-10
30 oktober 2013
Weppers freed 1-11
31 oktober 2013

Programma
It programma fan sneon sjocht der
sa út.
Wat opfalt is dat de wedstryd fan Bolsward E6 tsjin SDS E3 fersetten is nei 13.15.

Sneon
Yn it programma fan sneon falt op dat it suver in SDS- Oosterlittens liket. Trije thúswedstriden fan SDS en trije thúswedstriden fan Oosterlittens.

Wol of net troch gean
Wij sitte wer yn de tiid fan te wiet waar. Dan is it altyd mar ôfwachtsjen at der traind wurde kin. At it net kin krije wij berjocht fan de Skoalleseize, sij beheare de fjilden. At de Skoalleseize it berjocht nei beide emailadressen stjoert dan besykje wij it sa gau as mooglik op de side en/of twitter te setten. It is mar krekt wat “yn de buert” is.
Wurdt der neat oanjûn dat kinne jim der fan útgean dat it trochgiet.

SDS 2 mei de bus nei Grins
SDS 2 spilet sneon de topper út tsjin de Knickerbockers yn Grins. It is in wedstryd tusken de nûmer 1 en 2 en tige wichtich yn de striid om de 1e-Perioade.
De bus fertrekt om 9.45 út Easterein en fertrekt om 17.00 wer út Grins.
Supporters dy ’t mei wolle kinne harren melde by Bote Strikwerda(
bote_6@hotmail.com).
Foar supporters kostet in retourke mar 10 euries. Dêr hoecht it dus net om oer te gean.

Foto’s De Wâlde 3 – SDS 5
Ôfrûne sneon wûn SDS 5 wer ris. Dit kear fan De Wâlde. Hjir kinne je de foto’s noch efkes besjen.

Harm-Auke faait de sliep út de eagen……….

Harsens derby(1146)
Hjir Balotelli!
Sis mar de Ayanle Barkat fan AC Milan: