Weppers tongersdei 30-9-2021

SDS-League: 2 wykpriiswinners dizze wike!
28 september 2021
Seleksjes sneon 2-10
1 oktober 2021

Wike fan de skiedsrjochter

It is dizze wike de wike fan de skiedsrjochter by de KNVB en dus ek by SDS. Al fine wy eins dat it eltse wike de wike fan de skiedsrjochter is. Sûnder skiedsrjochter kinne je net fuotbalje en dat liket ús tige wichtich. Kommende sneon kinne de skiedsrjochters yn Easterein wer genietsje fan in hearlijk stikje gebak yn de bestjoerskeamer.

Nije flagger

It bestjoer fan SDS is der tige wiis mei dat der in nije flagger fûn is foar SDS 1. Neidat Tjerk van der Pol stoppe is nei ôfrûne seizoen wie der noch altiten net in nije fêste flagger fûn en wie it geweldich dat Lourens van der Pol it tydlik dwaan woe. No hat SDS mei Hendrik Sweering in nije fêste flagger fûn. En dat yn de wike fan de skiedsrjochter! Dit moat hielendal goed komme!

Hendrik hat al oefene op de keatsfjilden (foto Henk Bootsma)

Lêste dei foar Titus

Hjoed is it dan wier de lêste dei foar Titus Bergsma as sporthalbehearder fan sporthal De Greidhoeke. Titus hat altiten in soad betsjutten foar it sealfuotbaljen by SDS. It bestjoer fan SDS hat noch in aardichheidsje foar him en sil dit nije wike by him en Rigt bringe. Tige by tige foar al dy moaie jierren!

In bekend byld; Tinus en Titus oan de kofjetafel yn de sporthal.

SDS Vr.1 mei los!

Kommende sneon mei SDS Vr.1 dan eindelijk foar it earst ècht los. Sy spylje sneon harren earste kompetysjewedstriid út tsjin sc Steins Vr.2. Trainer Johan Wittermans en de froulju hawwe der alles oan dien om klear te wêzen. Ofrûne sneon trainden sy noch op it skopfjild yn Wommels.

SDS-Minileague

De SDS-Minileague draait as in trein! Dit alles ûnder lieding fan Tjerk van der Pol. Wat in wille!

Beker SDS 3

SDS 3 sit yn de beker, mar hat noch gjin bekerwedstriid fuotballe. Op sneon 16 oktober meie sy eindelijk los. Ut tsjin NOK 2. Mei oare wurden; NOK out!

Seleksjes?

Freeds steane de seleksjes fan de senioaren fan SDS foar de sneons hjir op de webside. De jeugd dy’t krekt by de senioaren kommen is moat hjir noch wat oan wenne…… Der komme al foarstellen om de seleksjes freeds mar bekend te meitsjen fia Tinder en Grindr…

Van Wad tot Stad

Yn de nijste edysje fan de Van Wad tot Stad sit in prachtige fuotbalbylage. Wy krije dizze krante net yn dizze omkriten, mar dizze prachtige foto stiet der yn elts gefal yn:

Kantine iepen

Yn de kantine kin jûn wer folop fuotballen sjoen wurde. De hapkes en snapkes wurde regele troch Anne ‘Patat’ Stenekes. In bettere kombi kinne wy sa net betinke.

Pinne

De tagong foar de thúswedstriden fan SDS 1 en SDS-sokken kinne betelle wurde mei de pin. Tige de muoite wurdich tochten wy sa.