Weppers tongersdei 3-9

Weppers woansdei 2-9
2 september 2015
SDS C2
3 september 2015

B1 giet net troch
SDS B1 soe jûn om 19.00 oere in bekerwedstriid yn Skearnegoutum spylje. Dit giet allinnich net troch. Der is noch gjin nije datum bekend.

Fuotbal op it grutte skerm
Jûn wurdt der wer folop traind yn Easterein. Nei de tiid hat Robert Sybesma de kantine iepen mei op it grutte skerm Nederlân – Ijsland. De muoite wurdich om efkes ien te keapjen tochten wy sa.

Dooitze
Hjoed, sneon, nije wike tongersdei en de sneons derop bin ik ôfwêzich.
Ria Heitbrink ferfangt my. Utsein sneon de 12e, dan komt Johan vd Heide.
Dooitze

E3
Yn de tarieding op de nij kompetiesje hat SDS E3 in oefenwedstriid tsjin de “MEMMEN” han. Lokkich wiene der ek noch in pear sussen die harren bruorkes wol efkes in leske leare woene. Op it moai prepareerde fjild fan Itens, mei in echte VIP-tinte, waard it in echte striid. De memmen woene net foar de jonges ûnderdwaan en de jonges soene dit wol efkes winne. Mei de nije samenstelling moasten de mannen elkoar earst efkes fine mar langsamerhân kaam der wat lijn yn it spul. De trukedoas fan de mannen waard ek by regelmaat iepenlutsen en dat levere hilariske mominten op. Panna’s, koarfbaltechnieken by it yngoaien, rugbytakkels, 200 sprints fan de memmen (Dafne Dekkers is der neat by), schwalbes en gean sa mar fierder. By rêst stie it 4-0 foar de hearen. Under strakke lieding fan skiedsrjochter Aant Hofstra giene de mannen fol goede moed de twadde helte yn. It publyk wie ûnder de yndruk han it hege nivo fan de memmen en dan spesjaal it keeperswurk. Der waard al praten oer “efkes balje foar MEMMEN”. De dames skoarden al gau in tsjingoal en it publyk stie op’e banken!! De stiid eindige yn 6-1 foar SDS E3. Mar doe de penalty’s: E3 like wol op it Nederlanske alvetal. De memmen skoarden omraak en ús mannen koene o sa hurd skoppe, mar wol neist of oer de goal. Koartom: D’r is wurk oan de winkel foar de coaches en trainers en de mannen ha der sin yn!!
 
Bonne en Tiede


konsintraasje bij de memmendoelfrou
De memmen hiene allegear in reade bûsdoek mei, mar de triennen bleaune út…

. 
In soad wille bij de bern, de memmem en ek bij de heiten…


Nei ôfrin kaam de fotograaf lâns en dat waard in kreas plaatsje

Harsens derby (1586)
Dy Douglas Costa fan Bayern München is ien om yn de gaten te hâlden: