Weppers tongersdei 3-9

De nije SDS League!!
3 september 2009
Seleksjes sneon 5-9
3 september 2009

Needgjalp
Wij hawwe in tige wichtich fersyk krigen om it neifolgende berjocht op de side te setten.

Willen jullie even op de Hoofdpagina van de SDS site zetten dat de leiders en trainers voor vrijdag  4 september as. 13.00 uur de lijsten met namen inleveren  van het project de Lokale Toppers (de voetbalplaatjes).
Er ligt een dead line en anders kunnen dingen niet meer verwerkt worden!!!! Dit is even heel belangrijk!
Misschien kunnen jullie de coordinatoren en/of trainers/leiders hiervan ook persoonlijk op de hoogte stellen.
Met vriendelijke groet,
Jan Kroese en Johan Dijkstra
(Dit alles giet fia
Enne)

Ahaaaa mannen fan it twadde!
It giet sneon wer oan, it giet wer om de knikkers…
Jún lekker traine en dernei (healwei 10 hinne) efkes de koppen by elkoar stekke yn de kantine fan SDS.
Dat is ek foar dy’t jún net traine kinne.
Oant jún!
Klaas

SDS League
Sa ’t jim sjoen hawwe steane de nije dielnimmingsformulieren foar de SDS League op de webside. Jim teams moatte ynlevere wurde foar sneon 12 septimber om 19.00.

Ferlern
SDS 2 sealfuotbal hat tiisdeitejûn fuotballe tsjin Warkum. Wij hiene neat heard oer de útslach en dan witte wij wol genôch. Us ynformant (E spiler en soan fan in spiler) jout oan: “Sij hawwe goed spile (mar dat sizze se altyd) mar mei 6-1 ferlern.”

Mei hynder en wein
Ôfrûne sneon kaam S. Kooistra Sr. nei in gesellige neisit út de kantine.
Hij moast de shirts fan it 2de meinimme nei hûs foar it waskjen.
Dit wie nochal swier neffens de berjochten. By de sporthal wie der al efter de pûst. Mar de rêdding kaam út ûnferwachte hoeke.
Bonnema joech Kooistra in lift nei hûs.

Mei hynder en wein wol te ferstean.

It fjild om!
De spilers fan E1 daagden justerjûn de trainers út. “Wij sjitte der fan de 8 penaltys tenminste 5 yn”, bewearden se. Jelle en Aant doarden dy útdaging wol oan. Mei Gershom van der Sluis op it doel, soe dat net slagje, sa gokten sij.
Yn in spannende striid waard 4 kear skoard en dat betsjutte dat net Jelle, Aant en Gershom it fjild om drave moasten mar Inne, Ydsert, Yward, Tom, Sybren, Robbin, Niels en Jelmer. En dat wie in prachtich gesicht neffens de oare trije.

Traine
SDS 4, 5 en 6 kinne jûn traine. Om 20.15 oere giet it los. Op tiid komme dan kinne se ek op tiid los. Klaas Okkema sil trainer wêze.

Traine (2)
SDS 2 traint jûn om 19.00 û.l.f. Klaas Okkema yn Easterein.

Amateurfuotbalspul
Ien fan de wepmasters (dy sûnder lang hier) is benaud dat hy dit seizoen wer sa ’n bytsje tsjinstân krijt yn it amateurfuotbalspul. Dy oare wepmaster (dy sûnder burd) hat him no ek ynskreaun om dat te foarkommen. Miskien kinne jim ek noch efkes helpe. Jim kinne jim
hjir ynskriuwe. Sykje dan efkes nei: subleague SDS.

Harsens derby (65)
Lekker binnenglide…………….