SDS stypje mei RABO Clubsupport!
3 oktober 2019Weppers freed 4-10-2019
4 oktober 2019Seal team wint
Justerjûn in kreaze oerwinning fan it SDS sealteam. Workum 5 waard mei 4-2 ferslein.
Standen
Hoe’t alle SDS teams der foar stean yn de kompetysje dy’t noch mar twa wedstriden oan de gong is kinne jim hjir sjen
Spilers SDS JO8-1 op de foto

Sa’t jim sjogge is de teamfoto fan SDS JO8-1 oanlevere en ek de foto’s fan alle spilers hawwe wij krigen. It sjocht der kreas út. Sjoch hjir wa’t it allegear binne.
SDS JO19-2
Ek de manlju fan de JO19-2 binne op de teamfoto kommen. Is it net in plaatsje?

Team- en spilersfoto’s
It soe moai wêze at wij nei kommend wykein ek wer wat teamfoto’s begroetsje meie. Ek foto’s fan spilers dy’t noch net op de side stean of foto’s dy’t ferâldere binne, binne wolkom. Stjoer se nei aant@vv-sds.nl en jou de foto de namme fan de fuotballer want wij kinne se net allegear.

Anne Patat
De kantine is jûn wer iepen en dat komt moai út. No ’t PSV, Feyenoord en AZ noch yn de Europa-League sitte kin der oant de winterstop hast eltse tongersdei fuotbaljen sjoen wurde yn de kantine. Jûn sil Anne Stenekes bardraaie en jim foarsjen fan hapkes en snapkes. Fanôf 20.30 oere is it fet waarm!

12 1/2 jier by Van der Eems
Jajuster wie it feest by ús haadstiper Grafische Groep Van der Eems om ’t Durk-Jorrit no 25 jier de scepter swaait. Juster koe der alwer gebak iten wurde. SDS’er Feite de Haan wurke juster alwer foar 12 1/2 jier by Van der Eems. Lokwinske!

Harsens derby (2162)
Ho!
Letter miskien wol mear!


