Weppers freed 4-10-2019

Weppers tongersdei 3-10-2019
3 oktober 2019
Sneon 5-10-2019
4 oktober 2019

SDS 1 – Makkum 1


De twadde thúswedstriid op rige. Makkum 1 is de tsjinstanner. Sij binne nij yn de tredde klasse A. Nei twa wedstriden noch gjin punten. SDS 1 hat er 4. Kinne se dêr 7 fan meitsje? Kom en sjoch om 14.30 oere yn Easterein.
De seleksje: Jaap, Remco, Erik, Marco, Gerwin, Wierd, Peter, Pieter, Habtamu, Matthijs, Lourens, Jacob-Klaas, Bauke, Frank en Steven.

Wedstriidstipers

De wedstriidstipers binne moarn neist ús haadstiper Grafische Groep Van der Eems, AB-Vakwerk en TMB De Jong út Wommels.

Rijperkerk 2 – SDS 2

Om 14.00 oere yn Ryptsjerk de wedstriid Rijperkerk 2 – SDS 2. De gasthearen hawwe noch gjin punten en SDS 2 docht it prima mei twa oerwinningen en stiet op 6 punten. Kinne sij dêr 9 fan meitsje?
De seleksje: Luuk, Robin, Wiebe, Arjen, Ewout, Inne, Jesse, Jort, Jurjen, Lieuwe, Niels, Sjoerd, Wesley en Wietze.

SDS 3 – Waterpoort Boys 3

It “nije” alvetal docht it mar goed yn de kompetysje. Sij hawwe brutaal de kop pakt mei 6 punten. WPB 3 hat er 3. Kin SDS 3 op 9 punten komme?
De seleksje dy’t krekt foar 14.30 oere it opwaarmerke docht: Dirk, Jildert, Tjeerd, Anne, Cor, Hendrik, Jelmer, Mark, Marten, Pieter, Piter, Skelte, Stefan, Watze en Willem.
Klaas Overal flagget.

SDS 4 – TOP’63 3    g.n.t.

Beide ploegen hawwe noch gjin punten. Dat bliuwt ek sa. De wedstriid giet net troch.

Mulier 2 – SDS 5

Om 12.00 oere yn Wytmarsum it twadde fan Mulier tsjin it fiifde fan SDS. Sij hawwe 3 trije punten SDS hat er al 6. Wurde dat der 9?
De seleksje: Auke, Dirk-Yde, Doede-Douwe, Feite, Gert-Jan, Henk, Ids, Jan-Simon, Klaas, Robert, Syb, Tjipke en Wichard.

Stiens/DTD VR3 – SDS VR1

Yn Stiens om 14.30 oere de striid tusken de kombinaasje Stiens/DTD Vr 3 tsjin SDS VR1. Beide ploegen hawwe noch mar ien kear spile. Resultaat dêrfan is dat SDS 3 punten hat en de gastfrouen 1. Dit is de seleksje:
Alissa, Benthe, Dina (1e helft), Esther (1e helft), Femke, Gerry Edou, Janieke, Jeska, Jildou, Marjo, Marrit, Kirsten, Sieta, Sietske en Seriëtte.

SDS 3 en Metz Style

Om ’t Metz Style sjurtstiper wurden is fan SDS 3 krigen sy fan SDS 3 as tank in prachtige canvas om yn de saak te hingjen. Wa koe dizze no better bringe as de meast knipte man fan SDS 3, Hendrik Engbrenghof? Heechstwierskynlik moatte de knipfroulju de canvas wol sels ophingje.

Harsens derby (2163)

‘Tikkie werom, Jaap!’

Letter mear!