Weppers tongersdei 28-2

SDS League: Eeltje pakt kopposysje!
27 februari 2013
Weppers freed 1-3
28 februari 2013

Sealfuotbalje
De sealfuotballers fan SDS 1 meie jûn, nei in wike fakansje, ek wer los. Sy spylje jûn om 21.30 yn Ljouwert tsjin Blauw-Wit ’34 12.

Efkes Balje
Freed is it wer sa fier: de foarjiersedysje fan Efkes Balje. Wêz der fuort bij op dizze earste freedtejûn yn maart om 19.30 oere. Efkes Balje is der foar foar SDS-ers dy’t sneons net (mear) balje, mar noch wol graach wat beweging ha wolle en net fan drave sûnder bal hâlde. Wês wolkom.

Ynhelje?
It bliuwt jûns stadich oan al wer wat langer ljocht en it waar wurdt ek better. Dit betsjut dat de earste ynhelwedstryd op jûntiid hieltiten tichterby komt. Wy binne net hielendal wis, mar neffens ús is de ôflaste wedstryd SDS 1 – Veenwouden 1 fan ôfrûne sneon fêststeld op tiisdeitejûn 16 april.

Doping
Foar de lêzers fan de Treffer is dit gjin nijs fansels. De Treffer skreaun hjir al oer yn it ôfrûne krystnûmer.

Harsens derby(968)
Je hawwe minne penaltys en strieminne penaltys. Dizze komt út de bûtenkategory: