Weppers tongersdei 28-11

Jûn SDS-ledengearkomst
27 november 2013
SDS League: Boekelaar pakt wykpriis!
28 november 2013

Oprop oan de jeugd fan Bogerman yn Wommels 
 
Jim leraren Douwe Posthuma en Peter van Dalfsen moatte sneon mei Nijland 1 oantrede tsjin SDS 1.
Dêr sjogge se ferskriklik tsjin op. Wij hawwe heard dat se it húske op skoalle no al  de heale dei beset hâlde.
Dat swart wyt fan SDS dat meie se net echt lije hawwe wij begrepen. Dêr reitsje se wat fan yn de war.
Om harren efkes wenne te litten oan dy moaie swart wite klupkleuren fan SDS soe it moai wêze dat jim freed allegear yn de SDS outfit op skoalle komme. Trainingspakken, sjurts, tassen, sjaals, petten, horloazjes alles wat jim fine kinne soene jim oandwaan kinne.
Want dan kinne de hearen Posthuma en van Dalfsen der mar efkes oan wenne dat it harren sneon ek swart wyt foar de eagen wurdt.

Nijland 1 – SDS 1

Wat it ek wurdt it wurdt seker in “kreaker” dêr yn Nijlân, mei skiedsrjochter Kraak.

Twa fingers?
Yn oktober 2004 stie de derby Nijland 1 – SDS 1 ek op it programma. It gie doe sa fier dat leider Anne Brouwer sels “bedrige” waard fanút Nijlân. Fan je famylje moatte je it mar hawwe(klik hjir).

Programma sneon
Kommende sneon wer in folslein programma. Jim kinne it
hjir sjen mei de skiedsrjochters derbij.

Ôflast
Y.f.m. in stjêrgefal yn de Westereen giet de wedstryd fan SDS 2 tsjin Zwaagwesteinde 2 kommende sneon net troch.

Ledengearkomst
Justerjûn wie de SDS-ledengearkomst mei Sjoerd, Jaap, Jeroen, Dirk-Yde, Anne, Enno, Bram, ien fan de wepmasters, Gerlof-Jan, Enne, Friso, Auke, Doede, Jacob en Marian út namme fan de Skoalleseize en (hast) it folledige SDS-bestjoer. De notulen kinne jim lêze yn de folgende Treffer.

SDS League
Dy hoopje wy hjoed wer ynoarder te meitsjen en mei de nijste stân te kommen.

SDS-jaske
Wa mist der in SDS-jaske?
Dizze oprop seagen wy op Wommels.nl.

Harsens derby(1158)
Kin net misse………….