Weppers freed 29-1

Weppers tongersdei 28-1
28 januari 2010
Weppers sneon 30-1
29 januari 2010

SDS 2 giet oefenjen
SDS 2 sil moarn om 17.00 oefenje, op it kuenstgêrs fan Leeuwarder Zwaluwen, tsjin CVVO 2.

Spilers SDS 2: Marten, Sjoerd, Wichard, Bauke, Jelte Pieter, Dennis, Jildert, Jan-Simon, Sytze, Syb, Eeltje, Hjalmar, Willem, Arjan, Anne, Freek en Gerrit.
We geane om 16.00 oere fuort.
Klaas

SDS oefent tsjin ONT
Moarn fertrek om 13.00 oere, út nei ONT op keunstgers:
Jaap, Erik, Jacob Klaas, Ewout, Mark, Feite, Harm, Feiko, Dirk Yde, Redmer, Tsjipke, Skelte, Tsjalling en Jelmer
It twadde giet om 17.00 oere oefenjen.
Mei it twadde gean mei: Arjan, Anne en Marten (en Hendrik???)
Tiisdei oefenje we yn Snits tsjin Snits 2.
Groetnis
Dick

Wêr is de emoasje?
Nico Dijkshoorn hat wolris in tiid hân dat hij it wol sitten seach yn Gert Jan Verbeek. Mar de ferkearing liket no wat út. En dan is in kolumnist net súnich yn
syn fysje.

De lêste woarsten fan Lolke

It is hjoed en moarn noch drok bij de slachter yn Easterein, tinke wij, mar dan is it dien. En wij sille se misse dy droege woarsten dy’t al
hiel lang der foar soarge hawwe dat wij net fegetarysk wurden binne.

Trije kear ôflast
Juster makke Ids Grond fan Ouwe Syl ús attint op it feit dat alles wer ôflast wie. Dat wie net samar. Ouwesyl 3 en SDS moasten oars tsjinelkoar fuotbalje. It wol dit jier net echt slagje. Earst waard yn septimber de wedstriid yn Ouwesyl ôflast, dêrnei op nij fêste steld en spile. De wedstriid yn Easterein waard yn desimber ôflast, no yn jannewaris en wij skatte yn dat de wedstriid yn febrewaris noch wol ien of twa kear ôflast wurdt. Yn maart en april moatte der noch allegear oare wedstriden ynhelle wurde dus wij tinke dat it wol maaie wurdt. En dan…en dan , dan sille se allinne noch mar tsjin elkoar keatse kinne yn Easterein.

Fuotbalplaatsjes
Nei it súkses fan de SDS-fuotbalplaatsjes koe Albert Heijn fansels net efterbliuwe mei harren fuotbalplaatsjes fan de Eredivisie. De aksje is fan ‘e wike begûn en wy hawwe de earste dûbelen alwer.

Feyenoord -Ajax yn de Jimbar
Kommende snein is de klassieker Feyenoord – Ajax. It is net te leauwen mar der binne noch kaarten te krijen foar dizze wedstryd. Ien fan de wepmasters (dy dy ’t net foar Feyenoord is) sit yn de nachttsjinst dus om der hinne wurdt neat, mar hy is wol yn de Jimbar om dêr de wedstryd te folgjen. Jim kinne it dêr ek sjen. De wedstryd begjint om 12.30.

Skelte
Yn de VI stie foarige wike in âlde alvetalfoto fan Sparta mei û.o. Lody Roembiak derop. Ek like it of stie Skelte Anema derby op de foto. Wy hawwe in âld-plaatsjesalbum derby socht en ynderdaad, hy hie doe noch wat mear hier:


Harsens derby (124)
Tottenham Hotspur stie yn de FA-cup stie mei 2-1 foar tsjin Leeds United, mar woenen fansels graach noch in kear tsjin Leeds fuotbalje en stie de lykmakker ta. Dizze journalist hat in gelok dat hy Louis van Gaal net tsjinoer him hat: