Weppers tongersdei 28-1

Weppers woansdei 27-1
26 januari 2016
Weppers freed 29-1
29 januari 2016

SDS 1 sil traine
Frans Munsterman hat noch goed lêst fan de rêch en kin jûn gjin trainen jaan oan SDS 1. Robert Hoekstra sil SDS 1 jûn trainen jaan en sneon tsjin Mulier ek op de bank sitte.

SDS A1 sil traine
SDS A1 sil jûn om 19.00 oere traine. Jappie en Wichard joue trainen.
Sneon hawwe sy sa ’t it no stiet om 12.00 oere in oefenwedstryd út tsjin vv Sneek A1.

SDS 2 sil traine
SDS 2 sil dan jûn eindelijk foar it earst traine yn 2016. Boudewijn sil wol in pittige training tarieden hawwe.

Kantine
Nei it trainen hat Auke-Jetze Kroondijk de kantine iepen. Om 20.45 oere kin dan op it grutte skerm Feyenoord – sc Heerenveen besjoen wurde. 

SDS-League
De transfers lykje hieltiten mear op gang te kommen en dat betsjut meastentiids dat de transferperioade der hast op sit. It sil oan ’t 1 febrewaris noch wol in gekkenboel bliuwe. Der steane noch wol wat transfers op stapel.
As it meisit dan kinne wy dan op 2 febrewaris komme mei de nije formulieren foar de nije SDS-League.

DFC
As je as fuotbalferienings fusere dan moat der ek in nij logo komme en nije sjurts. De jeugd fan Foarút en Dronryp fuotbalje al in skoftke tegeare en dêrfoar hawwe sy no it nije sjurt en in nij logo bekend makke.
foto bij nieuwsartikel

Alderaardichst

Dit is fansels ek in manier om de Arena fol te krijen 😉

Harsens derby (1661)
Somtiden falt de appel net fier fan de beam. Hjir lytse Kluivert: