Easterein, juster haw wy tsjin Mulier bekere. De jongens harren twadde wedstriid nei de fekânsje.
Oefenpotsje SDS-DA1
De froulje fan DA1 wiene juster troch de DA1 fan Minnertsgea utnoege foar in oefenpot.
Floris wie mei te liederjen (dankjewol!) , tegearre mei us nije lieders Bram en Tsjeard.
Floris hie in opstelling makke en hij wie lieder fan de earste helte. Koene us nije lieders de keunst efkes ofsjen en sjen hoe’t wy spilen. Yn de rust wie it 0-0, dat wie al hiel wat funen we allegear.
Fol goede moed en mei it plan om te skoaren giene we de twadde helte yn, mar al gau die bliken dat de (wat jongere) froulje fan Minnertsgea wat mear kondysje hiene as us en uteinliks ha we mei 4-0 ferlern. It wie in leuke wedstriid mei in noflike sfear. De bedoeling is dan ek Minnertgea wer ris ut te noegjen op de fjilden fan SDS. Us nije lieders foel it niks of wat we delset hiene, mar se ha al daliks aksje undernommen:
Fanof no ha we moandei kondysjetraining fan harren!
Groetnis de froulje fan DA1
SDS 2 wint
SDS 2 hat juster in oefenwedstryd tsjin Sint-Anne mei 6-4 wûn. Eeltsje (2x), Feiko (2x), Bauke en Jildert makken de goals. De moaiste goals wienen de kopgoal fan Eeltsje nei in fleanende oanfal mei in knappe foarset fan Feiko en in prachtige goal wie der fan Jildert nei in fliegende “schaar” sa ’t hy dat allinnich kin.
SDS 1 te fierljeppen
SDS 1 krige juster in fierljepclinic fan de bruorren Galema. Hjir wat feitsjes fan Dick oer it ljeppen:
Letter komme der hjir ek noch foto’s
Sealwacht
Ek it kommende seizoen binne der wer sealwachten nedich as der in sealteam thús fuotbalje moat. Foarich jier dy ien fan de wepmasters (dy sûnder burd) dat, mar no ’t dy wer sealfuotbaljen giet slagget dat kommend seizoen net. Lokkich genôch is der yn de persoan fan Roel Sybesma ien fûn dy ’t dit sa no en dan wol dwaan wol. It soe moai wêze as der noch ien by komt. It soe der dan op del komme dat je ien kear yn de moanne genietsje kinne fan in noflike sealfuotbaljûn. Wa ’t dit wat liket mei maile nei info@vv-sds.nl of Willem Wijnia efkes skilje.
Boppe it bêd
Foarich jier hat fersoarger fan SDS 1, Dooitze Nauta ús der alris op wezen dat it net ferstannich is om mei kaugom yn de mûle te fuotbaljen. Hjir waard wat lakerich oer dien, mar it docht no bliken dat Dooitze dochs wol wat gelyk hie. Fan him meie Henk en Mark Postma dit stike wol boppen harren bêd hingje (klik hjir).
Harsens derby(63)
Al stiet der gjin keeper mear op de goal en kinne je de bal sa binnen rinne, moatte je dochs je harsens derby hâlde: