Weppers freed 28-8

Weppers tongersdei 27-8
27 augustus 2009
Weppers snein 30-8
29 augustus 2009

SDS 3 nei Skylge
Moarn om 14.00 oere giet it tredde fuort ut Easterein. Elsenien dy’t meigiet moat meinimee: In loftbêd, sliepsek, 35 euro cash geld foar de boat en de oernachting (as je ek nog in bierke wolle, nim dan iets mear mei!!), en in goed sin.
We sliepe yn in tint en geane snein om 11.00 oere mei in snelle boat werom.
 
De minsken dy’t mei geane:

  1. Sjoerd R
  2. Ronny W
  3. Raph W
  4. Pieter K
  5. Remco B
  6. Geert D
  7. Jeroen W
  8. Sybren W
  9. Harm A
  10. Sietse H
  11. Hendrik E
  12. Eeltsje P
  13. Rudy D
  14. Jan S
  15. Hendrik de Jong (Flagger 1e helte)
  16. Durk Yde Sjaarda (Flagger 2e helte)

Wy ha der sin yn! Oan’t moarn!!!!
Tút fan de lieders.

Seleksje SDS 1
SDS 1 spilet sneon net mar moandei. Sij geane dan nei Holwert om de pleatselike favoryt dêr te bestriden.
Om 17.30 fuort en om 18.53 fuotbalje.
De folgende spilers binne útnoege om mei te dwaan:
Skelte, Feiko, Feite, Erik, Jacob, Tsjipke, Tsalling, Anne Harm, Redmar, Freek, Jaap, Jacob vW

Seleksje SDS 2
SDS 2 spilet sneon thús tsjin Dokkum 2 om 14.30 oere. De folgende spilers wurde om 13.30 ferwachte:
Willem, Arjan, Henk, Eeltje, Harm Jan, Jildert, Wichard, Redmar, Tjalling, Tjipke, Feite, Skelte, Mark

SDS 3 nei Skylge
SDS 3 oefent op Skylge. Hoe let is ús net bekend, mar wij riede harren wol oan om op tiid de boat te nimmen:
Remco, Geert, Pieter, Sjoerd, Jeroen, Ronny, Ralph, Sybren, Harm, Samme, Hendrik, Rudy, Hendrik, Gerlof en Sytse.
Wy moasten fan Jan noch efkes melde dat eltsenien wol in sliepsek en in luchtbêd meinimme wol.

Sa ’n sliepsek liket ús it best mei de kommende kjeld.

SDS 5 nei Skylge
Alle leden fan it keninkluk hûs geane nea meielkoar yn ien fleantúch. Want stel dat.
Bij SDS 5 hanteare se it selde prinsipe. Men giet dit wykein yn twa ploegen  nei Skylge. Utferkoaren om jûn al te gean binne: Eddy, Marco, Christiaan, Robert, Hendrik, Durk, Pieter en Jan Simon. Der wurdt wynkrêft 8 ferwachte.
Sneontemoarn mei de earste boat (wynkrêft 4) folge: Jappie, Jacob, Harm Auke, Boudewijn, Ype, Daan en Aant.
En mooglik giet Stoffel ek noch mei.

Entoesjast
De twa nije lieders fan Da1 hawwe woansdei harren debút makke. Anke die ús dêr al in berjochtje oer takommen. Ien fan de lieders liet ek wat heare:
Bram en ik ha juster us fjoerdoop han mei de froulju yn Minnertsgea. Wy hawwe in tige slagge jun han! Dat it froulju`s fuotbal wie hiene wy yn de auto al sjoen… De reis gie, achter Anke oan, troch lannerijen, trekkerpaadsjes en offroad mar eintsje beslut kammen we rjocht foar it sportterrein ut!
Floris hat us earst wat op hichte brocht fan alle Ins en Outs fan it team. Nei in beste earste helte mochten we mei 0-0 oan e tee! Dat ful us mei! De twadde helte sieten de froulju der trochhinne, nei 4-0 wie it dien!
Al mei al in prachtige jun, mei in soart kansen en wille. Ek namens Bram kin ik sizze dat we al nei sneon ut sjogge. De earste stappen fan it striidplan lizze klear 😉
Groetnis,
Tsjeard

It sit krekt efkes oars
Heit Jaap Zijlstra is lieder fan B1. Hij stjoert ús meast ek wol in stikje. Soan Christiaan lêst dat goed en lit ús it folgende witte:
Myn heit hat de harsens der net altyd by
Marcus makke namelyk de 1-0

De Balluh

Sealwacht
Nei ús oprop fan juster hat nêst Roel Sybesma no ek Dirk-Yde Sjaarda him opjûn as sealwacht. Hjir binne wy tige wiis mei. Mocht der noch ien bykomme soe hielendal super wêze. Degene mei maile nei info@vv-sds.nl of Willem Wijnia efkes skilje (as der in kear thús is……….).

Traine
De B-seleksje traint nije wike op tiisdei en tongersdei om 19.00 oere yn Easterein.

Ljeppe
Jim hawwe lêze
kind dat der ljeptalint is bij SDS 1. Jim kinne it no ek noch sjen.



Folle mear foto’s binne
hjir te sjen.

Harsens derby (64)
De regisseur fan it fuotbaljen op ITV yn Ingelân hie de kop der net hielendal by doe ’t hy in wedstryd út de First-Division de loft ynstjoerde. Miskien woe hy ek wol in lichte hint jaan dat froulju ûnder it fuotbaljen miskien better efkes nei it húske kinne….

Letter hjoed noch wol wat!