Weppers tongersdei 27-3

Weppers woansdei 26-3
26 maart 2014
SDS League: "Yn de geast fan Happel" pakt wykpriis!
27 maart 2014

Programma sneon 29 maart

Tiid Wedstryd Skiedsrjochter
11:00 SDS D3 – Ouwe Syl D2 T. van der Pol
14:30 SDS 2 – Zwaagwesteinde 2 F.S. Feenstra
12:15 SDS B1 – Frisia B3 Jan B. Bouma
10:15 MINI LEAGUE F Pupillen Arnoud Meijer
09:30 SDS D2 – SDS D1(oefen)  
09:00 Frisia F4 – SDS F1(beker)  
10:30 Oudehaske C1 – SDS C1  
15:00 Scharnegoutum VR1 – SDS VR1  
14:00 Nijland 3 – SDS 4  

Gjin trainen
De training fan A2 giet net troch.
Boudewijn.

Slotjûn jeugd
De slotjûn foar de jeugd is dit jier op freed 23 maaie. Set it mar fêst yn de aginda.

De Vos en de Mos
Sport 1 hie dizze wike wer prachtich fermaak. Oars geane wij net sa gau foar in Dútske wedstriid sitten mar mei it duo de Mos en de Vos as kommentatoren is it grut fermaak. Se prate 90 minuten fol mei  harren ferhalen dy’t oeral en nearne oergean. Tidens de kampioenswedstriid fan Bayern wie it efkes spannend doe’t Hertha BSC de 1-2 makke. De hearen de Vos en de Mos lykwols eamelden oer de trajektkontrole op de A2. Hoe belachlik dat wie, wat dat harren wol net koste en wat foar sin it hie. Krekt op dat stuit makke Ribery de 1-3 mar it makke de hearen de Vos en de Mos neat út. Gjin koekoek, gjin rartatatatata mar gewoan troch eamelje oer de trajektkontrole bij Vinkeveen. Hearlik.

11 tsjin 11
Ús favorite kolumnist Sjoerd Mossou skrean wer in prachtich stik yn it AD fan juster.
Hjir kinne wy ús hielendal yn fine. It jokket no alwer!

SDS-Look-a-like
Foar de nije Treffer hawwe wy noch wat SDS-Look-a-likes nedich. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd.
Mail jim SDS-Look-a-like nei
info@vv-sds.nl!
Hjir kinne jim de foarige SDS-Look-a-likes fine.


Harsens derby(1239)
Dit is ien fan de minste “Panenka’s”ea. Spitich foar dizze amateurspiler dat syn maat krekt de pingel opnaam mei de tillefoan: