Weppers tongersdei 27-11

Weppers woansdei 26-11
26 november 2014
SDS 5
27 november 2014

Piet is der jûn noch net
De nije trainer fan SDS 2, Piet Roersma, is jûn noch net yn de mooglikheid om trainen te jaan. Kommende sneon sil dy oanwêzich wêze by SDS 2 – CVVO 2 om dan kennis te meitsjen mei de spilers en tiisdei om foar it earst trainen te jaan.

Tige by tige!
Al mei al hat SDS 2 it al hast in heal seizoen sûnder trainer dien. Fansels is dit net hielendal sa. Bote Strikwerda hat de trainingen meastentiids geweldich oppakt. Somtiden yn gearwurking mei Remco Bervoets. Heren, sjapoo!

Alde Treffer
Wij seagen noch efkes yn in âlde Treffer en kamen yn 1992 út. De wedstriid SDS 1 – sc Heerenveen wie krekt spile en Trefferredaktrise Hinke Kuiper hie in eksklusyf ynterfjoe mei Fritz Korbach. Sjoch
hjir foar diel 1. Moarn diel 2 mei in foto derbij…….

Lift 2.0
It is al wer wat jierren lyn dat de SDS side rûn de jierwikseling fol stie mei nijs oer de liftwedstriid fanút Wommels. De lifters fan doe hawwe harren tomme yn de wylgen hongen. Mar wij krije no it berjocht fan wat jongelju dat der op 1 jannewaris wer in liftwedstriid is. Ynder de namme Lift 2.0 sille 9 teams úteinsette foar in reis nei…. Sjoch op harren
faceboekwepside. wêr’t se fêst te folgen binne op dy dagen.

SDS League
Komt jûn!

Harsens derby(1381)
Op ien of oare manier spûket der yn Argentinië somtiden in spûk om op de tribunes. Rûn Halloween wie hy der wer: