Weppers tongersdei 26-2

Alde alvetalfoto’s
25 februari 2009
Weppers freed 27-2
26 februari 2009

Net traine
SDS C1 traint jûn net. Dit is net y.f.m. it trainingsfjild of sa, mar om ’t sy moarntejûn in kompetysjewedstryd fuotbalje moatte út tsjin HJSC/Oudega C1.

Futsal (1)
SDS 2 wûn juster mei 8-2 fan Blauw-Wit 9.
By de Ljouwerters stie âld-SDS’er Koos Visser op de goal. Mei katachtige refleksen slagge hy deryn de earste 10 minuten syn goal skjin te hâlden. Útrekkene Hendrik Okkema(spile yn it ferline mei Koos yn SDS 1) makke de 1-0 mei in bekeken skotsje. By de rêst wie it 6-0.
Yn de twadde helte skeat Blauw-Wit út de startblokken mei 2 goals yn 2 minuten. Nei de 7-2 wie de wedstryd spile. SDS makke der úteinlik noch 8-2 fan.
De sportive wedstryd koe mei gemak lieden wurde troch ien fan de wepmasters.

Futsal (2)
Wy krigen in reaksje binnen fan Henrik Okkema nei oanlieding fan de futsalwedstryd fan juster:
Koos Visser heeft inderdaad zijn revanche gehad. Blauw Wit scoorde namelijk 2 keer zoveel doelpunten dan in Leeuwarden…….. 2 keer dus. Helaas voor Koos, die dit keer keeper was, scoorden wij 8 keer. Wat de wedstrijdbal aangaat deze was inderdaad van Blauw Wit, dus die hebben ze teruggekregen. Hadden ze toch geen loze trip naar Easterein.
De derde helft was deze keer overigens ook voor ons, daar de ploeg van Koos, zonder ook maar één consumptie te nuttigen bij Titus, afdroop richting Leeuwarden.
Hendrik

SDS 3 yn it goeie spoar
Sjoerd van Beem mei graach stikjes skriuwe. Seker at syn ploechje wint. Sjoch hjir.

Oanmelding
Fan Stoffel krigen wij al in oanmelding foar it Skylge toernooi. Hij hat wol ien betingst. Der moat bij oankomst noch wol in hert libje (of twa) en der moat in barbekjoe bij wêze mei as traktaasje hertefleis.

Damje
Sneon sil Stoffel earst oan de bak moatte. Hij hat om it kampioenskip fan Fryske dammers noch mar 1.5 punt en dat is te min om yn de haadklasse te bliuwen. Sneon yn Blauhûs sil hij tenminste ien partij winne moatte. Werom giet hij wol oer Nijlân, mar stekt oan yn it kafé, want dêr binne………..

Nei it pannenkoekenhús?
Ralph, Eeltsje en Hjalmar binne jûn net te trainen by de B-seleksje. Sy binne hjoed nei it “pannenkoekenhús” yn Amsterdam wêr ’t sy jûn Ajax fuotbaljen sjen sille tsjin Fiorentina….

Muzyk

Wij binne sljocht op muzyk, mar yn Easterein binne se dat seker. Dit berjocht krigen wij fan Amarins de Haan:
Nei moannen fan tariedings is it dan safier! Kommende sneon: De Eastereiner Music Night, You’ll Never Rock Alone!!!!
En dat blykt: mar leafst 65 muzikanten beklimme sneon it poadium yn kafee Bergsma. In prachtige gearwurking tusken de muzikanten fan Easterein Rocks en Wilhelmina. It belooft wer in machtige jûn te wurden! En der mei dûnse wurde.
Seal iepen om 21.00 oere. Kaartsjes á € 10,- binne te krijen yn it kafee. Mear ynformaasje fine jimme op de website
www.eastereinermusicnight.nl

ONT 2 – SDS 2
Fan webmaster Sjouke Walinga fan ONT krigen wij in nijsgjirrich berjocht:
Saterdei is it om 14.30 oere ONT 2 – SDS 2. As jim wolris op de side fan ONT komme, dan witte jim dat wy in webcam stean ha. Die sjocht út op it haed(keunstgêrs)fjild. En op dat fjild wurdt saterdei ONT 2 – SDS 2 spile. SDS supporters kinne de wedstriid dus fia ús side besjen! It is net 100% “Streaming video”, mar wol te folgjen. Ik sil prebearje in ONT’er “sa gek te krijen” om de tuskenstand foar it hek del te setten. Mar ik wit net as dat slagget. Oh ja, de side fan ONT kin ek mei in mobieltje besjoen wurde. Dus SDS’ers yn Nijlân kinne ek sa no en dan efkes sjen.

Skore
Neffens de ferhalen slagget SDS 2 der op it heden net maklik yn om te skoren. Miskien is it in kear in idee om mei 2 ballen te fuotbaljen………