Weppers freed 27-2

Weppers tongersdei 26-2
25 februari 2009
Seleksjes sneon 28-2 (ynkl. froulju)
27 februari 2009

F-Greidhoeke toernooi
Ferline sneon wiene de F-kes noch in kear yn de seal, om harren toernooi ôf te sluten. Hjirûnder noch wat foto’s fan Jan Bouke Bouma mei grutske winners.

 

Kontribúsje
Yn de nije Treffer steane noch de âlde kontribúsjebedragen. Wy hawwe juster de nije bedragen trochkrigen:
A+B junioren      45,30
C junioren         38,15
D+E junioren      31,10
F junioren          26,95
Senioren            57,05
Zaal                  41,15
Dizze bedragen binne ôfrûne wike by eltsenien ind troch de ponghâlder. Dizze bedragen binne per heal jier.

Foar A1 en B1
Sneon 28-2-2009:
A-junioaren: SDS A1 NO
K A1, 14.30, 13.30 yn de boks
B-junioaren: SDS B1 Mulier
B1, 10.30 spylje, 9.30 yn de boks. Nije lieder Jeroen sil foarsteld wurde.

Seleksjes sneon
Letter hjoed komme de seleksjes wat betreft de senioaren hjir hjoed letter te stean. Sis mar as it kontewoskjen klear is…….

Voetbal21
Wij hawwe ús leauen yn de foarsizzingen fan Voetbal21 ferlern. Nijlân 1 – SDS 1  2-2. No wij hawwe der net folle ferstân fan mar dat wurdt it yn alle gefallen net.

Kantine
SDS 6 hoeft sneon pas om 16.15 te fuotbaljen. De Skoalleseize lit ús witte dat desondanks de kantine gewoan om deselde tiid ticht giet as oars om net te folle druk op de frijwilligers te lizzen. Wy kinne dit hielendal begripe en kinne allinnich hoopje dat SDS 6 yn de takomst wat earder fuotbalje kin.


Stjonkende fingers
Moandei lêsden wy yn de Ljouwerter Krante dat der in fiskklup yn Ljouwert is dy ’t “De Stinkende Vingers” hyt. Lid hjirfan binne 5 Ljouwerter maten. “Ringvinger” is de ienige dy ’t trout is en “Duim” is altiten oké. Wy soenen der net fan opsjen as âld-SDS-trainer, Ljouwerter en ferwûd fiskleafhawwer, Marcel Frankena hjir ek lid fan wêze soe. Wat soe syn bynamme wêze? “Wijsvinger”, “middelvinger” of miskien “goldfinger”? Wat tinke jim? Mail it nei
info@vv-sds.nl!

VV Nijland
VV Nijland is drok oan it trainen op it fieren fan in goal tsjin SDS. It slagget harren noch altiten net om dêrnei de tsjingoal foar te kommen………….