Weppers tongersdei 25-6

Weppers woansdei 24-6
24 juni 2009
Weppers freed 26-6
26 juni 2009

Oare sportende SDS-ers
Wij diene in oprop om foto’s te mailen fan SDS-érs dy’t oare sporten dogge. Dat hast elke SDS-er ek keatst, is wol dúdlik. Dy foto’s kinne jim meastentiids wol fine op de webside fan
Henk Bootsma, dy’t ledenpartijen, haadklassepartijen en doarpsfeesten ôfsneupt om moaie foto’s te meitsjen. Foto’s fan keatsende SDSér kinne wij net allegear pleatse. Henk mailde ús juster al in foto fan in keatsende fuotballer, dy’t sa’t it skynt ek noch in ferline hat as kuorballer, wêr’t wij dan dochs mar in foto fan sjen litte. Sjoch hjir

Bakhuzen
It fuotbalseizoen yn de earedefysje begjin dit jier al betiid. De oefenwedstriden dus ek. Bekerwinner it Fean oefene woansdei al tsjin Staphorst mar komt sneon nei Bakhuzen. Sij spylje dêr om 19.00 oere in wedstriid tsjin in seleksje fan de Gaasterlân klups (minus Balk hawwe wij begrepen)

Easterein of Easterlittens
De pelote keatsers fan Easterein begjinne meast mei in dûbel gefoel oan it
iepenkampioenspelote yn Littens. Want mochten se de heale of de finale helje dan misse se ien of twa jûnen fan de feesten. Wij tinke dat Gerrit, Dirk Yde, Feite, Jelte Pieter, Bauke en Tsjipke dochs wol in bytsje bliid binne dat Winsum krekt te sterk wie en dat sij hjoed en moarn harren folledich konsintreare kinne op de doarpsfeesten.

Pré WK 24 juni 2009
 
It perfecte foutbalwaar, 10 spilers op it fjild, goeie ambiance, yn it koart dus de perfecte ingredienten foar in WK!
Wat foel der dizze edysje op? 
– It beste WK tot no oan ta!
Nei in koarte analyse fan werom dit no einliks it beste WK tot no oan ta wie koene we de folgende konkluusjes lûke: 
– Jacob Klaas wie der net
– Ate Feike wie oan de lette kant
– Ralph syn ôfwesichheid resulteerde yn in moai efen oantal.
– Eeltje sette sich eindelyk yn foar it team
– Erik scoorde, en net 1 mar in stik as 4.
– Alles wat Willem oanrekke resulteerde yn in goal
– In perfecte balans tussen fysyk foutbal en snelle combinaasjes
– Mark, Henk en Jaap hawwe in swembad mei elkoar fol switten
– Jelmer as snelle wingman foaryn
– Hendrik E. as it izeren gerdyn achteryn, allenig mut der gjin no-look crossballen jaan.
– Rudy 
De wedstriid(Willem,Rudy,Mark, Ate Feike, Jaap tsjin Erik, Jelmer, Eeltje, Henk en Hendrik E.) gie explosief fan start en nij 20 minuten foutballen stie de stân op 7-7!
Slecht ferdedigd? Nee, snelle combinaasjes en keihurde omskakelingen soargen foar unferdedigbare situataasjes.
Mei in stand fan 12-12 waar it dan ek tiid foar de winnende goal, en wat foar winnende goal!
Nei in perfecte steekbal fan Henk gie Erik allenig op in leeg goaltje ôf. Alle tsjinstanders wiene ferslein en de eerste ferdediger wie dan ek op 15meter ôfstan fan Erik. Wat Erik yn dizze kwestie ferget wie dat der nog ien tsjinstander oer wie, namelijk himsels.
Syn linker foet wist op in slinkse manier syn rjochter foet ût te skakeljen wat resulteerde yn in stroffelparty werbij Erik tsjin de flakte gie. De bal rolle restich lâns it goal en sien teammaten barsten yn treannen ût. De tsjinparty hie de grutste lol en kriig hjirmei ek in ‘morale boost’.
De folgende grutte kâns wie dan ek oan de oare kant fan it fjild. In laconiek skot knoffelde troch de ferdediging hinne en waar troch in sliding fan de doellijn helle troch Hendrik E.. Dizze domper kaam it team Willem en consorten net mear te boppe, want hjirnei gebeurde it ûnmogelijke.
Eeltje “panna” Postma drieuwde de bal op en seach it gâtsje tusken de ferdedigers, hij helle ût en tot de grutte ferbasing fan himselfs(en nog 9 oare spilers) rolle de bal yn it goal. De untlading wie grut bij ut winnende team en ut waar dan ek yn de bleate bealch ûtbunding fiert.
Wat in WK minsken, en dat samar op in woansdei te joun yn juni..
Namens de WK-directie,
Alg.Stat.Dir. Hendrik Engbrenghof

Dreech
Sommigen(lykas wy) kinne dreech bûten it fuotbaljen. De froulju binne dêr net altiten like wiis mei: