Weppers freed 25-10-2019

Weppers tongersdei 24-10-2019
24 oktober 2019
Sneon 26-10-2019
25 oktober 2019

Blêdfrij

It is hjerst, dus de kâns is grut dat de blêden fan de beamen falle. Dat betsjut dat it keunstgersfjild fannewike fol lei mei blêden. Materiaalman Andries Stuiver witst hjir wol ried mei en it ferbjustere ús dan ek dat it keunstgersfjild juster blêdfrij wie. Ús komplimenten!

Peukfrij

No ’t der gjin blêden op it fjild mear lizze soe it ek moai wêze dat der gjin peuken mear op it fjild waaie. Graach de peuken yn de dêrfoar bestimde peukebakken!

SDS 1 sjocht omheech

SDS 1 moat sneon op besite nei Heech om tsjin Heeg 1 oan te treden.  Mei 8 punten stiet SDS der moai bij en dat kinne je fan de gasthearen net sizze. Noch gjin punten foar Heeg en at it oan SDS leit, bliuwt dat ek sa kommende sneon. Om 14.30 treedt dizze seleksje oan:
Erik, Frank, Jaap, Jacob Klaas, Lourens, Luuk, Marco, Matthijs, Peter, Pieter, Remco, Steven, Wiebe en Wierd.
Sy sammelje om 12.30 oere yn Easterein en hawwe om 12.45 oere de besprekking.

In topper foar SDS VR1

GAVC VR1 hat krekt as SDS VR1 9 punten. Sneon komme de froulju út Grou nei Easterein. Om 12.15 oere stiet dizze topper op it programma. Om 11.15 oere wurdt elkenien ferwachte om op de foto.
De wedstriidseleksje: Alissa, Esther, Femke, Gerry Edou, Hester, Janieke, Jeska, Jildou, Kirsten, Marjo, Marrit, Richtsje, Seriette. Sieta en Sietske.

Pechfûgel

Elske Galema hie graach meidien yn de topper tsjin GAVC Vr.1, mar bruts ferline wike yn de bekerwedstriid tsjin WTOC har grutte tean. Yn de nijste Treffer mear hjir oer.

SDS 2 tsjin koprinner

Leovardia 2 is de koprinner yn dizze klasse en sij kommen sneon nei Easterein om oan te treden tsjin SDS 2. Om 14.30 stjoert koach Okke van der Kamp 11 fan dizze seleksje it fjild yn.
De seleksje: Bauke, Robin, Ewout, Jesse, Jort, Jurjen, Lieuwe, Niels, Sjoerd W., Tjeerd, Wesley, Wietze en Anco.
Foar de wedstriid komme sy earst noch efkes mei syn allen op de foto.

SDS 3 nei Warkum

Workum 3 hat like folle ferliespunten as SDS 3. Beide hawwe allinne noch mar wûn, allinne hat Workum in wedstriid minder spile. Om 15.00 oere giet it los dêr.
De seleksje: Inne,  Anne, Cor, Haije-Jan, Hendrik, Jelmer, Kees, Mark, Marten, Pieter, Piter, Skelte, Stefan en Willem.
13.45 fertrek. Sjauffeurs : Haye-Jan, Mark, Pieter K. en Willem.

SDS 4 nei Drylts

YVC 3 is de tsjinstanner fan SDS 4. De kypmantsjes hawwe no noch 3 punten mear as SDS 4. Om 12.15 sette se útein.
De seleksje:
[22-10 12:38] Remon: Aanw
[22-10 14:36] Tseard: Aan
[22-10 15:05] Sytse hibma: Aanwezig en kan ook wel rijden
[22-10 15:33] Klaas Bouke SDS: Aanwezig en kan probably ook wel driven
[22-10 20:20] Johannes Abma: Aanwezig
[23-10 22:00] Doede Sijsling: Zaterdag 1e helft aanwezig
[24-10 09:36] Arjan Hallama: Aanwezig
[24-10 19:00] Igor: Sneorn aan!
[24-10 19:04] Eeltje Postma: Sneon aan!
Andries
Ralph
Jildert

SDS 5 spilet thús

Ek Leovardia 6 moat krekt as Leovardia 2 nei Easterein. Sij spylje ek om 14.30 oere. SDS 5 is de tsjinstanner.
De seleksje: Gert Jan, Harm, Klaas, Tjipke, Doede Douwe, Wichard, Feite, Auke, Jan Simon, Robert, Anco, Ronny, Henk en Jentsje.

De standen

Hoe’t alle teams der foar dit wykein foar stean, dat kinne jim hjir sjen.

Lokwinske!

De woskfrou en woskman fan de klean fan SDS 1 wienen dizze wike 40 jier troud! Jan en Geeske de Jong; fan herte lokwinske!

Fleskes bier

De Skoalleseize giet sneon oer fan gleskes op fleskes bier. De priis wurdt al in bytsje heger. Dat makket neat, want dan drink je ek wat minder. In fleske bier kostet fanôf juster €2,25.
Afbeeldingsresultaat voor fles bier lol"

Harsens derby (2172)

Toet, toet!