Weppers tiisdei 22-1-2019

Keunstgers en kjeld
21 januari 2019
Weppers tongersdei 24-1-2019
24 januari 2019

Keunstgers ûnbespylber

It keunstgersfjild yn Easterein is ûnbespylber troch de snie. Hjoed gjin trainingen dus en gjin oefenwedstriid tusken SDS 1 en LSC(ûnder de 23 jier).

Pech

SDS 1 treft it net mei syn oefenwedstriden yn jannewaris. Ferline wike hie vv Nijland te min spilers. sneon wie it keunstgers yn Easterein op inkelde plakken te hurd foar in wedstriid tsjin Makkum en no leit der snie op en kin de wedstriid tsjin LSC (ûnder de 23 jier) net trochgean………..

SDS 1 de sportskoalle yn

Om ’t SDS 1 fannejûn net fuotbalje kin sille sy om 20.00 oere de sportskoalle yn.

Image result for sportschool lol

Ynhelje

De KNVB hat al in nije datum fûn foar de ôflaste wedstriid fan ôfrûne sneon tsjin vv Heeg. Dizze wurdt no ferspile op sneon 23 febrewaris. As it fjild it ta lit 😉

Kantine

Foar kommende sneon foar de wedstriid Workum 1 – SDS 1 is de Skoalleseize noch op syk nei barpersoniel fanôf 16.00 oere. Past dit je? Mail dan efkes nei willem@vv-sds.nl of sa.

SDS 4 de seal yn

SDS 4 sil moarntejûn om 21.00 oere efkes yn de sporthal yn Easterein traine.

Fan herte lokwinske!

Enne Bruinsma is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Foto fan Enne Johannes Bruinsma

Nije lûdsboksen

De Skoalleseize is dwaande om nije lûdsboksen bûten de kantine op te hingjen. Sa hoeft der op sneon as SDS 1 thús moat net mear mei lûdsboksen sjoud te wurden. De nije boksen kinne dan betsjinne wurde fanút de bestjoerskeamer.

Harsens derby (2095)

Toet, toeeeeeeeeeeeeeeeeeeeeeeeeeeet!!