Weppers tongersdei 24-05-2018

Weppers tiisdei 22-5-2018
22 mei 2018
Weppers freed 25-5-2018
25 mei 2018

Freed slotmiddei SDS-jeugd! Doch ek noch mei!

Bisto de Van Gerwen fan it fuotbalfjild? Nimst do de penaltys better dan de lju út de eredivisie? Kinsto sneller sjitte dan dyn eigen skaad? Kom op en jou dy op foar de SDS-slotmiddei! Lit it sjen en gean nei hús mei in moaie priis! Jou dy noch fluch hjir op!

Afbeeldingsresultaat voor allert turksma penaltybokaal

SDS Vr.2 op freedtejûn yn Easterein. Wa kin der efkes yn de kantine stean?

De froulju fan SDS Vr.1 meie freedtejûn ek wer los! Nei de slotdei foar de jeugd sille sy noch efkes los tsjin GAVC, NOK en sc Bolsward. It begjint om 19.30 oere en is 21.00 oere dien. It soe moai wêze as der dan noch efkes ien yn de kantine stean wol. Dan kinne de froulju tusken de wedstriden troch noch efkes wat drinke.

SDS 1 – TOP 1

Kommende sneon noch wol in nijsgjirrich potsje fuotbal yn Easterein. TOP hat  der alle belang bij om te winnen, sadat se de lêste kâns benutte om degradaasjewedstriden te ûntrinnen. Sjoch hjir foar de stân op dit momint

Eardere SDS-Top wedstriden

Der is net in rike histoarje tusken beide klups. Ien kear earder (2014) troffen se elkoar en de ienige doelpuntenmakker fan SDS dy’t tsjin Top skoarde is yn dit oersicht te sjen.

Wedstriidsponsers

Foar SDS 1 – TOP 1 binne gelokkich ek wer twa wedstriidsponsers. Makelaardij Sneek en van Krimpen Autoschadeservice yn Boalsert.

Hendrik op nei de 100!

Foar sneon stiet der foar SDS 1 net folle mear op it spul al soe SDS mei in hiel soad gelok noch 4e wurde kinne by winst en in hiel soad oare geunstige útslaggen. Dêrneist stiet der noch wat oars op it spul. Hendrik de Jong syn 100e goal! Hy stiet sûnt 3 wiken op 99 en wy hawwe sa ’n gefoel dat sneontemiddei dy 100e wolris falle kin….

Jou je noch gau op foar de barbecue!

Der binne al mear as 100 oanmeldings foar de barbecue kommende sneon, mar der kinne best noch wol lju by. Frijwilligers meie fergees en oars kostet it €10,- p.p. Jou je hjir op of jou it troch oan Willem Wijnia.

Spyldagenkalinder 2018-2019

It fuotbalseizoen is hast dien, dus it wurdt ek tiid om efkes fierder foarút te sjen. Hjir alfêst de spyldagenkalinder foar folgend seizoen. Dan kinne jim der mar fêst rekken mei hâlde! De earste bekerwedstriden foar SDS 1 binne yn it wykein fan 1 septimber.

Speeldagenkalender 2018-2019 Noord

Stân fan saken yn ranglist

Hoe’t it der foar stiet foar dizze hast lêste sneon kinne jim hjir sjen.

Harsens derby (2027)

Knappe redding…………………of toch net………