Weppers freed 25-5-2018

Weppers tongersdei 24-05-2018
24 mei 2018
Sneon 26-5-2018
25 mei 2018

Slotmiddei SDS-jeugd!

Daliks om 16.00 oere begjint de slotmiddei fan de SDS-jeugd. Jim binne allegear fan herte wolkom om efkes te sjen!

Afbeeldingsresultaat voor sds penaltybokaal

Wa pakt dit jier de penaltybokaal?

SDS VR2 yn Easterein op freed

Sij sitte yn de freedtejûnskompetysje en de lêste trije wedstriden fan dit seizoen wurde spile yn Easterein. Dus jûn fanôf 19.30 oere.

Efkes Balje altyd op freed

Jûn om 19.30 sille se wer los de Efkes Ballers. Sij rekkenje wer op in even oantal.

Is SDS 1 noch ien kear top dit jier?

Yn de LC stie dat de trainer fan WPB sneon yn it skoft de puntsjes op de i setten hie en dêrmei suggerearde hij dat dat de oerwinning brocht.  Dus oplette sneon dat de trainer fan TOP ’63 it selde net docht.
Dizze seleksjes sil op syn iepenst wêze 90 minuten (plus blessuretiid) lang en wurdt om 13.00 oere op it sportkompleks ferwachte:
Jaap Toering, Bauke Dijkstra, Wiebe Heeres, Frank Bervoets, Habtamu de Hoop, Hendrik de Jong,  Remco Hylkema, Marco Rijpkema, Gerwin Sybesma, Lourens van der Pol, Matthijs Postma, Peter Hoogerwerf, Robin van de Weg en Yward Zijlstra.

Debút?

It soe samar kinne dat Yward Zijlstra moarn syn debút makket yn SDS 1. Soe Yward de earste Zijlstra wêze dy ’t yn SDS 1 fuotballet? Of soe syn heit Oene Bauke yn it ferline ek efkes yn SDS 1 balle hawwe? Wy binne benijd!

Pakt SDS 2 de lêste punten tsjin de kampioen?

SDS 2 kin at alles tsjinsit op oare fjilden noch wol in oerwinninkje brûke kinne. Dat moat dan barre tsjin kampioen sc Joure 2 om 12.30 oere. Mei dizze seleksje moat dat kinne: Marten, Arjen, Anne, Dirk, Feite, Hendrik, Jesse, Jildert, Jort, Jurjen, Lieuwe, Ralph, Sjoerd, Tjeerd en Wiebe.
Sy fertrekke om 11.00 oere en Anne, Boudewijn, Sjoerd, Ralph en Lieuwe ride.

SDS 3 op nei it twadde plakje?

SDS 3 makket in goed seizoen troch. Se kinne sels noch twadde wurde. Dan moat er wol wûn wurde tsjin Arum/Stormvogels 2.  Spektakel begjin om 14.30 mei dizze seleksje: Gerlof Jan, Gert-Jan, Harm, Henk, Ids, Jan-Simon, Pieter, Robert, Tjeerd, Wichard en noch twa. Daan flagget en Pieter-Lieuwe giet mei as ‘sûp’porter!

Lit SDS 4 de goeie foarm ek sjen tsjin WPB 6?

Helaas, pindakaas……….. De mannen fan SDS 4 kinne om 14.30 oere wol fêst de barbecue klear sette. WPB 6 hat blykber mar 6 man en kin net fuotbaljen komme……..

SDS VR 1 de ien nei lêste wedstiid

SDS VR1 moat sneon oantrede tsjin Akkrum/Aengwirden VR1. Dit is de seleksje dy ’t om 12.30 oere fertrekt:
Marjo, Tarina, Seriette, Richtje, Hester, Janieke, Gerry-Edou, Sieta, Agnes, Geeske, Kirsten, Alissa, Tjitske en noch in pear famkes fan MO17.
Coach: Stefan
Flagger: Bertus

Kampioene!!

De SDS’ers Jesse de Vries en Arjen Stremler binne ôfrûne sneon kampioen wurden fan de 3e-Divysje mei ONS JO13-1! Fan herte lokwinske!
It seizoen sit der foar beide mannen noch net op. Sneon 2 juny kinne sy yn Joure ek noch de beker pakke. Sy moatte dêr yn de finale tsjin vv Actief JO13-1.

Kampioene (2)

VV Nijland is foar twa wiken werom kampioen wurde en dat wolle sy nea wer ferjitte. Dan allegear mar in tattoo op it bil!

AVG

Ek by SDS binne wy efter de skermen drok dwaande mei de nije wetjouwing omtrint de AVG. Ynkoarten kinne jim hjir wat oer op de webside ferwachtsje en yn de kommende Treffer. It is yn elts gefal sa dat as jim net op de webside of yn de Treffer stean wolle dat jim dit efkes oan ús trochjaan moatte. Utsein de SDS-Look-a-likes fansels! 😉

Harsens derby (2027)

Knappe zeef!