Teamyndielingen steane op de webside!
22 juli 2009Weppers freed 24-7
24 juli 2009Wepmaster werom
Nei 2 wiken fytst te hawwen yn Ierlân, lit Aant ús no fanút Ingelân witte dat hy fannacht mei it fleantúch wer thúskommen sil. It sil ús benije as wy him moarn herkenne nei 2 wiken Ingelsk moarnsiten hân te hawwen. Soe der oankommen wêze of júst ôffallen?(klik hjir).
Hy sil yn Ierlân yn elts gefal wol net nei in barbier west wêze, dus it burd sil hast wol tot oan ’t de speaken rikje.
Goals te leech
De KNVB hat ûndersyk dien nei de hichte fan de goals by Fryske amateurklups. It docht bliken dat in soad goals te leech binne(klik hjir).
Flagger
Willem Overal hat oanjûn kommend seizoen flagger te wêzen by SDS 2.
VI-kwis
Wa ’t fan drege kwissen hâldt moat by de VI wêze. No hawwe sy wer ien makke mei klupemblemen fan “dwergklups”. Wy binne benijd wat jim der fan bakke (klik hjir).
Jûn WK
Y.f.m. mei de Jongfeinte-partij juster yn Easterein gie it WK yn Wommels justerjûn net troch. Ynstee fan justerjûn wurdt der no jûn fuotballe op it skopfjild fan Wommels. It begjint om 19.30.
Mis
Val Baiano fan Barueri makke juster alle 4 goals foar syn klup tsjin Nautico yn de Braziliaanse kompetysje. Hy hie de 5e ek op de skoen, mar dizze woe der wat te moai ynsjitte:
Nijs?
Mail it nei info@vv-sds.nl.