Teamyndielingen steane op de webside!

Weppers tiisdei 21-7
21 juli 2009
Weppers tongersdei 23-7
23 juli 2009

It hat wat fuotten yn de ierde hân, mar ynmiddels steane alle teamyndielingen op de webside. Dit jild sawol foar de jeugd, famkes, froulju, seal as de senioaren. By de jeugd binne inkelde nij leden noch net yndield. Wy hoopje dat dat ynkoarten ek rûn is.

Wat falt der op oan de seleksjes?

-Gert-Jan Hiemstra hat de skuon út de wylgen helle en se wer oanlutsen om yn SDS 1 te fuotbaljen.


-Freek Tichelman en Ewout de Boer binne oerkaam út de A’s en geane foar in plakje yn SDS 1.
 

-Jelmer Posthumus sit by de A-seleksje mar sil de tongersdeis nei de Freule fertrekke nei Afghanistan en fuotballet sawiesa in heal jier net.


– Jeroen Brouwer hat de fuotbalskuon yn de beam hong nei ferskeidene knibbelblessures. Hy sil no Klaas Okkema assistere as leider by SDS 2.
hspace=0

-Robert Sybesma hat mear as 15 jier yn SDS 1 fuotballe, mar moat troch blessures in stapke werom dwaan en sil it kommende seizoen yn SDS 2 fuotbalje.
hspace=0

– Henk Postma fuotballet kommend seizoen yn SDS 2.


– Jelte-Pieter Dijkstra komt oer út de A’s om by SDS 2 te fuotbaljen. Yn de tarieding op it seizoen sil der earst noch wol geregeld fuort te keatsen wêze.


– Remco Piek en Harm-Jan Kamstra komme út de A’s by de B-seleksje om in plakje ûnder de latte te feroverjen. Sy hawwe hjirby ek noch grutte konkurrinsje fan Marten Faber en/of Jaap Toering út de A-seleksje.
  

– Mark Postma giet fol foar de stúdsje en hat besletten om it fuotbaljen efkes op in leger pitsje te setten en fuotballet kommend seizoen foar SDS 3.


– Dirk de Jong sil kommend seizoen fersoarger wêze by FVC. Ek probearret hy noch wat wedstrydsjes mei te pikken mei SDS 3 mits hy wat fit bliuwt.
hspace=0

– SDS 4 docht it it kommend seizoen mei frijwol deselde seleksje as foarich seizoen. Wy sille sjen wat dit opleverd.


– Ek SDS 5 mei it mei deselde spilers dwaan as ferline seizoen. Hampie bliuwt de “Benjamin” fan de ploech en eltsenien hat noch wer in jier erfaring mear as ferline jier. De ferwachtings foar kommend seizoen lizze dus op ‘e nij heech.


– SDS 6 mei no lyk fanôf it begjin fan de kompetysje sjen litte dat sy in oanwinst binne. Sy hawwe yn elts gefal in goeie oankeap dwaan kinnen troch Friso Albada derby te heljen as erfaren rot. Friso hat nei inkelde jierren fluite te hawwen de fuotbalskuon ek wer út de fifer fiske.
hspace=0

– Peter Stuiver en Bauke-Jan Plantinga komme út de A’s nei SDS 6 om der noch mear jeugdig enthousiasme yn de ploech te bringen.
   

-Trienus de Jong stiet no op de reservelist. Hy sil ynkoarten oan syn ankel opereard wurde en hopet dan gau wer fuotbalje te kinnen.
hspace=0

– Stoffel Bouma stiet no ek op de reservelist. Hy hat it sneons fansels fiersten drok mei it bus bestjoeren, hazzen sjitten en Frysk damjen. Dy sneonen dy ’t oerbliuwe is hy ree om te fuotbaljen.
hspace=0

– Robert Hoekstra stiet ek noch altiten op de reservelist. Wy hoopje dat hy der dit seizoen yn slagget om wer ris in pear wedstrydsjes te boljen.
hspace=0

– Der stean ek twa Klasen op de reservelist. It giet om Klaas Malda en Klaas Sixma. Wy binne benijd as sy überhaupt noch fuotbalskuon hawwe.
  

– Jacob van Wieren sit dit jier gewoan yn de A’s, mar sil ien kear yn de wike meitraine by de A-seleksje.


– Inkelde jeugdleden dy ’t nei it foarige seizoen lid wurden binne binne noch net yndield.


– Fansels kin der noch fan alles oan de seleksjes feroarje………….


-No mar hoopje dat dizze teamyndielingen in soad goed “teamwork” oplevert lykas by dizze goals:


Fan soks soenen wy hielendal út de skroeven reitsje: