SDS League: Sjoerd wint "proefrit"!

Weppers tongersdei 23-4
22 april 2015
Weppers en seleksjes
23 april 2015

Jelmer Posthumus stiet noch altiten boppe-oan mei “Postmeister”, mar hat swiere konkurinsje fan “FC Kali” fan Igor Kalinowski en ien fan de wepmasters mei “Hey Ho Let’s Go”. It ferskil is 3 en 6 punten en “Algemeen Fons” fan Sjoerd Rispens moat je ek noch net útpoetse mei 9 punten efterstân.

It is Sjoerd van Beem dy ’t dizze wike mei “FC Bal op het dak” de wykpriis pakt. Hooplik makket dit foar Sjoerd de wike wat goed nei twa kear ferlern te hawwen mei SDS 2.

€12,50 moat genôch wêze foar in proefritsje!

Dooitze Nauta docht it mei “Op Skobberdebonk” knap mei in 23e plak. Hy hat úteinlik mar ien doel en dat is boppe Anne Brouwer mei “Jelmafem” te eindigjen. Dit slagget no noch krekt…….

Underyn is it tige spannend. Appie Posthumus stiet no lêst mei “Alle ballen op Henkie”. It mei dúdlik wêze dat koprinner Jelmer Posthumus it fuotbalferstân net fan syn heit hat……….


Sjoch hjir dan foar de nijste stân:
wike 9.