Weppers tongersdei 22-4

SDS League: Erik pakt kopposysje!
21 april 2010
Weppers freed 23-4
22 april 2010

Klupkaart Feyenoord
Dirk Yde en syn maten wolle graach Feyenoord stypje yn de striid tsjin Ajax. Om kaarten te bestellen is hij noch op syk nei ien klupkaart fan Feyenoord. Wa hat sa’n kaart en giet der net hinne en wol de kaart efkes beskikber stelle? Belje 06- 54385633.

Nije haadsponser
Jûn om 21.30 sil it kontrakt tekene wurde troch Van der Eems as haadsponsor fan SDS en it bestjoer en de PR-kommisje fan SDS.
Hjirby wurdt eltsenien útnoege om hjirby oanwêzich te wêzen.
Groetnis
Douwe

Jûn kin de flagge út.

Wat seist?
Hjirûnder in foto fan Mark Postma yn de earmen fan Skelte Anema(of is it oarsom?). Wat sizze sy tsjinelkoar? Mail it nei info@vv-sds.nl. De leuksten komme yn de folgende Treffer:

Skelte: “Tomme, Mark, do bist net te huffen……..”
Foto Henk Bootsma.

Klaas Kamstra held fan SDS 5
SDS 5 spile justerjûn tsjin Ouwesyl 3. It waard de beste wedstriid fan Klaas Kamstra sûnt syn kombek. Alle ballen dy’t op it doel rjochte wiene, waarden syn proai. Hurde knallen, subtile stiften, pleatse kopballen der wie (hast) gjin trochkommen oan. Twa kear moast hij kapituleare. Mar dat lei oan syn troepen yn it fjild. Twa kear mocht hij ek jûchhei roppe, want syn troepen skoarden ek twa kear. Christiaan Hoekstra  en Pieter Kamstra wiene trefseker. Mei 2-2 wie SDS 5 úteinlik net ûntefreden want de Bildmannen fuotballen goed op de klaai. Hoewol it wie mear sân.

Oar plak
Yn de wedstryd fan SDS 5 krige Klaas Visser wol in hiel hurd skot tsjin syn holle oan. Bij neifraach hoe’t it mei hie gie sei Klaas: “Giet wol, at ik it witten hie, hie ik dêr net stean gien.”

SDS B1
De B’s fan SDS hawwe justerjûn mei 1-3 ferlern fan YVC B1.

Net mear traine op tiisdei
By SDS 2 is de trainingsopkomst op tiisdeis al wiken net om nei hûs ta te skriuwen. Trainer Klaas Okkema kin it net langer oansjen en hat in drastisch beslút naam:
SDS 2 traint net mear op tiisdei, der binne te min spilers om efkes te baljen. Jammer.
Klaas


Nije Treffer
Binnenkoart komt der wer in nije Treffer út. Mochten jim wat hawwe mail it dan nei DeTreffer@vv-sds.nl.

Foeilelijke sjurts (29)
Ek dit sjurt waard ús tipt troch Boudewijn Kramer. Wy kinne ús hielendal fine yn syn kar. Je sjogge troch de flekken it sjurt net mear………


Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei
info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Harsens derby (199)
It is foar syn ploeggenoaten te hoopjen dat dizze spits net al tefolle goals makket: