Weppers freed 23-4

Weppers tongersdei 22-4
21 april 2010
Seleksjes 24-4
22 april 2010

12e man
SDS 1 hat it dit seizoen dreech yn de 2e-Klasse. SDS 1 stiet no lêst mei ien puntsje minder as VV Nijland 1 en 3 minder as BCV 1. De wedstryd fan moarn tsjin BCV is dan ek tige wichtich om ek folgend seizoen wer yn de 2e Klasse te fuotbaljen. Wy wolle eltsenien oproppe om moarn nei de Skoalleseize ta te kommen om SDS 1 in steun yn de rêch te wêzen. Sis mar lykas by Borussia Dortmund wêr it publyk as in libbende muorre altiten efter harren ploech stiet:
Die Gelbe Wand, De Gele Muur van Borussia Dortmund
Moarn in swart-wite muorre?

Van der Eems nije haadsponser

Foto Henk Bootsma (hjir stean mear)
It bestjoer fan SDS lit witte tige ynnommen te wêzen mei de nije haadsponser Van der Eems. Justerjûn waarden yn de kantine de hantekeningen setten ûnder it kontrakt. 

Roubannen
Kommende sneon stiet SDS 1 – BCV 1 op it programma. In wichtige wedstriid? Wat is wichtich at je as klup ien fan je leden ferlieze troch in insident ôfrûne wykein. BCV stiet sneon stil bij de dea fan Redmar Smedema en sij spylje dan ek mei roubannen.

SDS 5 net thús mar út
De lieders fan SDS 5 hawwe dizze wike harren programma foar de kommende wiken/moanne sjoen. Hiel wat wedstriden. Der is nei de wedstriid tsjin Ouwesyl oanjûn dat der sneon in thúswedstriid is. Dat is net sa. Om 14.30 steane de fuotballende Froubuurstermolenbewenners te wachtsjen op SDS. 14.30 yn Froubuorren en 13.15 fuort.

Fersetten
SDS A1 – De Sweach A1 is fersetten nei tiisdei 27 april. De wedstryd wurdt spile om 19.00.

SDS 3 derop út
SDS 3 sil sneon 1 maaie de blomkes efkes bûten sette. It is noch net bekend wat sy dwaan sille, mar nim de swimbroek mar mei en in giter. De stokjes kin thúsbliuwe want der wurdt yn elts gefal net Sjineesd………….

Wat seist?
Hjirûnder in foto fan Mark Postma yn de earmen fan Skelte Anema(of is it oarsom?). Wat sizze sy tsjinelkoar? Mail it nei info@vv-sds.nl. De leuksten komme yn de nije Treffer:

Skelte: “Tomme, Mark, do bist net te huffen……..”
Foto Henk Bootsma.

Nije Treffer
Binnenkoart komt der wer in nije Treffer út. Mochten jim wat hawwe mail it dan nei
DeTreffer@vv-sds.nl.

SDS 2 sil te faren

P.s. Marten giet ek mei fansels. Bauke en Sytze net, want dy sille mei de froulju fan SDS DA2 derop út. As wy kieze moasten………..


Foeilelijke sjurts (30)
Fansels fine wy ek dat St. Pauli best wol orisjineel is mei syn brúne sjurt, mar wy bliuwe derby dat dit in rose sjurt liket wêr ’t ien syn kûnt mei fage hat…….

Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei
info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Harsens derby (200)
Dizze spits hat in flinke kegel………..




Letter miskien wol mear!